A.IJ. van den Berg

Wat docht in sjânreoantsjutting der ta as de ynhâld doocht?

logo.ensafh

Proazagedichten, sa stiet der op it kaft. En de Friese Pers Boekerij jout dit boek út as poëzij. Dochs lies ik ferhalen. Hiel koarte ferhalen, dat al, fan net mear as hûndert wurden. Mar wat Nyk de Vries skriuwt, foldocht foar my oan alle definysjes fan it koarte ferhaal, sa’t de bêste auteurs dêrfan dy hantearren.

Anton Tsjechow skreau yn 1890 yn in brief oan ’e krante-eigner Aleksej Soeworin bygelyks:

As ik skriuw, gean ik der folslein fan út dat de lêzer sels de subjektive eleminten tafoeget dy’t misse yn it ferhaal.

En Raymond Carver sei yn it essee ‘A Storyteller’s Shoptalk’:

Spanning wurdt yn fiksje foar in part kreëarre troch de manier wêrop’t de wurden gearbûn binne om de aksje yn sa’n ferhaal sichtber te meitsjen.

Lês fierder
Edwin de Groot

DVD fan Tsjêbbe Hettinga ‘Het licht van de zee’

logo.ensafh

Healwei dit jier is yn it ramt fan Tsjêbbe Hettinga’s reis nei Colombia en syn optredens dêre de DVD Het Licht van de Zee ferskynd mei tagelyk ek in Spaansktalige ferzy, La Luz del Mar, dy´t yn it foarste plak ornearre is foar de Latynsk-Amerikaanske merke. Hettinga wie in Súd-Amearika te gast by it ‘Festival Internacional de Poesía de Medellín’. Op de DVD stiet de dokumintêre “Yn dat sykjen sûnder finen’ út 2006 dy’t Pieter Verhoeff foar de VPRO makke hat en dy’t al earder op TV útstjoerd waard. Fierders in tal foardrachten fan Hettinga en de folsleine tekst fan syn bondel Fan oer see en fierder.… Lês fierder

Weromsjen oer de brek

logo.ensafh

It fernuveret my altiten wat dat der yn Nederlân safolle boeken binne oer de jeugd fan ien. Of it no om fiksje giet, of om in autobiografy, altiten is der omtinken by de rûs foar de bernejierren. Wylst der no krekt hast noait wat bysûnders te sizzen is oer dizze perioade. De dekors lizze fêst, mei de sitewaasje thús, dy op skoalle, en op syn bêst nochris it boartsjen bûten. En de personaazjes binne dêrmei ek bekend. Hjir hiel ferrassend op fariearjen kin hast net.

Pas as it ien wol slagget wat eigens te dwaan mei it tema, falt op hoe krêftich it eins is.… Lês fierder

Foaropwurd 103

logo.ensafh

foaropwurd 103

fan freed 9 novimber 2007

Binne jo ek sa kjel wurden?
Fan de  ‘superstoarm’ dy’t troch in Ingelsman foarsein is en oersetten troch ús Pyt op syn waarpraatlog? Of fan ’e wurdfierder fan in groepke domme Damwâldsters dy’t net doare en kom oer de hage foar jo nije buorlju? Ja, it is slim ûnlijich waar yn Fryslân, mar… it is hjoed ek GoedNijsdei!
Dus, foar tsjinwicht yn dizze rûzige novimberstoarmdagen komt Farsk 103 mei fleurigens en haachlike wurden:

Klaas Bruinsma skreau in dútsktalige parody op Die Forellen en makke der in baksoad fisk fan yn syn Fryske oersetting.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

‘Durk hie him wegere’

logo.ensafh

Hoefolste kear is it dat ik de útrikking fan de Gysbert meimeitsje? De fjirde of fiifde? Ik wit it net rjocht mear. Fansels, ek ik kom meastentiids benammen foar de drankjes en hapkes en it mear as treflike buffet, mar de takenning oan Josse de Haan kaam op my oer as in died fan ferset tsjin it establishment en dêr mei ik graach oer. En dan haw ik it noch net iens oer de literêre wearde fan de Haan syn wurk. Piksjitten op Snyp is in wier masterwurk, ik skamje my djip dat ik syn lêste romans noch net lêzen haw.… Lês fierder