Sipke de Schiffart

septimber

logo.ensafh

 

 

op ’e neimiddei
leinen we foar it lêst
tegearre
efter de seedyk
yn it gers

de sinne
joech noch waarmte,
mar hie fielber
oan krêft
ferlern

hy symbolisearre
it ôfskie, dat op hannen wie
en tagelyk de jeugd,
dy’t stiltsjesoan
oergong

do fagest myn triennen ôf
ynstee fan
se fan myn wangen
te tútsjen –
dêrom gûlde ik… Lês fierder

Henk Nijp

wachtsje

logo.ensafh

 

 

drok-driftich ratteljende rolkoffers
teheisterje tegels froulju
hakketikke hurd-hurd
foarút tusken display-dikerjende
reizgers op in fol perron nei
treinen dy’t der noch net binne

oare kant spoarsleuf leunt linich
in prachtich famke, stoareagjend
yn serene rêst, tsjin in stielen stander
de glâns fan har tsjokke
bosk ljochte krollen wint it krekt net
fan de sinne mar toveret har ta
in spoarfee – sûnder iphone –

dan wringt myn trein him
tusken ús yn as ik te plak sit
en har yn myn eachweid
werom helje wol is hja
weiwurden yn har eigen mearke…… Lês fierder

Gerrit de Vries

Oanreitsje

logo.ensafh

 

 

wat docht it my

as buiewolken
leadgrize loften skowe
op wite wynfearren
dûnker driigjend
it lân yn rôlje

wat ferrekt it my

as fûl de wyn
kâld de hagel
my om ’e kop slacht
it fel read
oan stripen giselt
mei tûzen nullen stekt
de lea ferklommet

it docht my sear

as de pine
myn hert raant
myn hûd it iis yn
frisse triennen
fan de holle
baarnt

wat kin it my skele

as de sinne troch my
ljochtet
yn tûzen kleuren
in reinbôge brekt
de kleuren my
op en ôf gean

as it sa fielt
as ik dy do my
wy inoar

oanreitsje… Lês fierder

Henk Nijp

nije wegen

logo.ensafh

 

 

in muorre fan weagjend grien
wâlet d’ âld slieperdyk by del
lizzend op it meanfjild
yn in gerswek mei skoare kanten,
stoareagje ik sliepdronken
omheech nei wolkens
twirjend ûnder it blau

ik huverje fan eangstswit
of de lichte simmerrein,
it bin de trochwekke nachten,
net langer gean ik oer
it paad fan miste kânsen
of folgje healwize tinzen as
in jachthûn de rook fan de ridel

wer ûnderweis lit ik mei
wat wjeraksel en lichte weemoed
âlde prinsipes en ideeën
achter, bedobbe neist de
ûnskuld fan eartiids

even earder oan de dyk,
tysket noch wat stowend grús
fan naïve dreamen en
tinne idealen… Lês fierder

Sipke de Schiffart

Unk yn Utert

logo.ensafh

 

it stopljocht stie op read,
dochs woe in frou
noch gau efkes de strjitte oerstekke

kôgjend op in stikje kaugom,
in lytse poppe mei tinne hierkes
yn in doek foar it liif

in meter fierder, noch gjin tel letter,
sloech in dûbelliddige stedsbus
harren mei faasje tsjin de strjitstiennen

twa miggen yn ien klap,
tocht de misantroop
lyk efter harren op ’e stoepe

hy stie dêr te wachtsjen
en hie mei syn foarse stal
har útsicht behindere

doe stiek er sels oer,
al wie de strjitte withoe read,
it stopljocht stie op grien… Lês fierder