
hy ljochtet
op
sa’tst ’m út it gers pakst
mei strimen yn ’e hals
hie ik ’m kokhalzjend
fuortsoald
*
Dit is in foarpublikaasje út de dichtbondel leech hert yn nij jek dy’t begjin 2016 by Hispel ferskine sil.… Lês fierder

hy ljochtet
op
sa’tst ’m út it gers pakst
mei strimen yn ’e hals
hie ik ’m kokhalzjend
fuortsoald
*
Dit is in foarpublikaasje út de dichtbondel leech hert yn nij jek dy’t begjin 2016 by Hispel ferskine sil.… Lês fierder

as bart der nachts neat,
is der oerdeis in oseaan
fan ferfeling en tiid, ja
eigen baas is wat der mei giet
mar lis dat mar ris út
oan ien dy’t te stûf foar god
arbeidet, foar it slyk
fan d’ ierde en de hege dyk
nei de nijsgjirrige nacht
earst kofje en krante, in ein
iisbeare mei de kop foardel
dan de dyk út mei fier
de holle heechop de wyk yn
en winkelje, mei fan god… Lês fierder

stel M. wie in moanne letter
stoarn
hoe hie er syn Requiem
dan ôfmakke
wie it al klear
yn ‘e kop?
wêrom mocht er it
net even delskriuwe
wat binne dy pear dagen no
op in ivichheid
ferdomme
kin ek wol janke
om al dat oare wurk
dat der net kaam is
wêr is dat bedarre !?
sa by ús
dy net-skreaune roman
fan Tr.
wat binne dat foar grappen!… Lês fierder

ik bin noch op in plak dêr’t it net waait
jild en macht lit de wrâld út ’e hân rinne
de hystery oer wat yn parys barde
sels helje wy buormans stoarm oer ús hinne… Lês fierder

As blêden yn in novimberstoarm
ha se belies jûn op it terras
stiet in jonge plysjeman hy eaget lyts
yn syn stoere kûgelfrije fest
in kollega komt by him stean
hy brekt syn triennen falle
sa as lytsjild of winkelweinmuntsjes
pardoes út ‘e broeksbûse weirinkelje kinne
hy moat nei hûs ta skilje
nimt syn leafste op
binn’ de bern wol thús
in dei letter komt in heit
mei syn lytse soan op TV ta einbeslút
dat de kweageasten gewearen hawwe
mar wy blommen en kearsen
it is te hoopjen dat de lytse plysjeman
yn syn stoere kûgelfrije fest
thús in selde treast oerkommen is… Lês fierder

Jetze de Vries hat it gedicht Moetsje fan Elmar Kuiper op muzyk setten. It fers komt út Kuiper syn nije bondel ‘Hiemsiik’, Bornmeer 2015.
Klik hjir foar de tekst yn pdf.
Klik hjir foar de muzikale ynterpretaasje… Lês fierder

By de yngong fan de supermerk
trof ik in âld mantsje,
fan wa’t ik wist dat ús heit him kend hat.
Hy droech in pet en in bril,
as wienen it fermommingen.
Oarspronklik kaam er út Skraard,
dêr hat er buorke.
Ik koe net op de namme komme,
wifeljend bleau ik stean,
hy kaam op my ta.
Goeie, sei ik, hoe is’t mei jo?
Wy binne der noch, antwurde er.
Is dêr alles mei sein? frege ik.
Ik bin wat âlder as dy.
Jo binne in jier of santich?
85! Dan ha je de measte bôle wol iten.
En ynienen wist ik de namme wer:
Bakker, Hindrik Bakker!… Lês fierder