Anne Feddema

Selsfoarsjennend

logo.ensafh

 

 

 

 

Hoeden Bûddha
Fan ’e Action
Unferweechlik
Op tsjeppe túntafel
Yn syn skerte blêd
Oranje, read, giel,
Fan bjirk en kornoelje

Ik gean der
Ek by sitten

Bûddhabruorren
Binn’ wy waarm
Gol en rûn
Wekker wurdend yn
Wer in oar sinnefjoer
By no sliepend nachtlampke

Leafde, ljocht
Hoop, mooglikheden
Tinzen dwarrelje
Op weagen hjerst

Ik praat tsjin wat
Hjir groeit en bloeit
As tsjin hûn, kat
Of Pakesizzer
Stim heger as oars
Stim fan myldens
Sêftmoedigens

Reade kornoelje syn
Stâlen binn’ tsjok
Hiel hurd hout
As it ritme
Fan myn dagen
Stadich wurdt
In skonk no en dan
Net wol wat ik wol
Meitsje ik dêrfan
In gongelstôk

Rin ik wer
As in ljip
Yn myn ierdsk
Blomryk Paradys.… Lês fierder

Bauke Terpstra

swiete beien

logo.ensafh

 

 

 

 

lit ús moetsje oan ’e skaadkant
en myn hurde skiif ekstern, tûk
oan binnentrochgloppe keppelje

dêr’t âlde miich mei farske galle

myn leafde neibauwe

griene miggen har maitsen lizze
en skerpe toarnbeistrúk, iensum

as ienichst blommen drage mei

blank

yn griis wapene beton-ympearium
myn swiere holle foarby skowen

fielt

hearst koekoekman

roppen… Lês fierder

Anne Feddema

Goodbye Gallepûde

logo.ensafh

 

 

 

 

Jo kinne fan alles misse
Pine kies bygelyks
Mar ek de gallepûde

Hy, sy, it…fan my
Kaam dy nije dei
Lemierend schmierend
De bûkbühne op
Mei in perforearre
Performance
Pine ien man publyk

No bin ik kin ik
Sûnder gallepûde

As hja no hiel stadich
Alles wat myn lea misse kin
Fuorthelje soene
Kin ik faaks hûndert wurde
Of by eintsjebeslút:
De earste Fryske farao… Lês fierder

Pier Boorsma

Freulepartij

logo.ensafh

 

 

 

hjoed is de Freule partij
de Fryske flagge op de toer
de jonges yn de opgong fan har libben
keatse har ut de liken
it folk jûchheit bij in boppeslach
it korps spilet âlde sankjes
it koe wêze
dat ien rekke waard
troch de Fryskens fan it keatsen en de muzyk
en dêr in ferfolling yn fûn… Lês fierder