Andries Miedema

Untdekkingen / Skûlhoekjes

logo.ensafh

 

Niis hearde ik op it nijs, dat de keunstner Armando ferstoarn is. Tafallich lies ik wat wiken lyn fan him it boek “Armando, de haperende schepping”. Yn dit boek fan 140 siden stean sa’n tachtich stikjes proaza. Troch syn aparte styl in aardichheid om te lêzen. Ik koe it net litte en set 24 fan dy stikjes op rym. Hjir binne dêr twa fan.

Andries Miedema

 

Untdekkingen

Foar’t er ûntdutsen wie wied er der al,
de ierde, tûmeljend wat om yn de romte
en net rjochtút mar yn ’e kromte
hy krige in himel, kaam doe yn ’t hielal.

Op ierde groeiden planten en bisten,
ek hite stiennen en wolkebanen.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

MaT it no?

logo.ensafh

 

 

Ik wol bêst dyn kutsje slikje
Hieltyd flugger slikje
It is my wat
Trochslokke
Dýn swiete sop
Oant ik krôkje moat

Daniil Charms, sitearre yn Anne Feddema – MaT (út: Op myn stjerbêd wol ik tate ha)

fan anne feddema
hie ik okkerdeis leard
dat net kofje of appelgebak
joffersfocht is
nee dat is slachrjemme

sa’n swietbek bin ik net
allinnich hâld ik fan flødeskum
suertsjes of mjitske gebakjes
moat ik neat fan hawwe

dêrom seach ’k der net nei út
der ûnderút koe ik net mear
der ûnderyn krekt wol

wat wie it
de geilens
dyn sêftens
ús waarmte
neat fan dat alles

dat ik slikke en slokte
en net sêd wurde koe
wie om’t it my smakke
nei dêr’t ik sljocht op bin

in fiskje op saterdeimiddei
mei de auto nei lauwerseach… Lês fierder

Edwin de Groot

Yn ’e goaden is it begrutlik wenjen

logo.ensafh

 

net mear in gebou komt by de himel, is noch heech genôch
foar de muezzin en syn azan; kom no en bid
foar de koster it lieden fan de klokken

in fermoeden fan in âlde stêd, spûken
fan golle parken, lange leanen en huzen frij fan wyn
in âlde frou stiet in hoart stil op inkeld in skym fan in strjitte

bûget dan de holle en rint nei wat ea in swetsrûzich steechje wie
twa noch steande muorren jouwe de no lege ingte stâl
dêrtuskenyn bliuwt hja stean en sjongt

hoeden in liet oer de leafde; kom myn leave
dat sêft fan lûd mar resolút tsjin de stiennen ketst
der by op krûpt en klimt en klinkt in wapen sa nommel en grutLês fierder

Áine Durkin, Janneke Spoelstra

Féinbhás / Stoirm

logo.ensafh

 

Twa fersen fan de Ierske skriuwster Áine Durkin, troch harsels foarlêzen. De Fryske oersetting is fan Janneke Spoelstra. Mear ynformaasje oer Áine Durkin fine jo hjir.

Klik hjir foar de foardracht fan it fers Féinbhás. Klik hjir foar it fers as pdf, mei oersettingen yn it Frysk en Ingelsk.

Klik hjir foar de foardracht fan it fers Stoirm. Klik hjir foar it fers as pdf, mei oersettingen yn it Frysk en Ingelsk.… Lês fierder

Nadie Hania

Fannacht

logo.ensafh

 

 

Justernacht

dreamde ik of wie ik wekker
ik wist it net

ik fielde dyn hannen op myn boarsten
en hie it gefoel dat dyn lippen my subtyl oantipten

fan genot begûn myn lichem te triljen
ik fielde my sa lokkich en befrijd
sa as ik it noch noait earder field hie
do wiest sa sêft en tearhertich
op dat momint joech ik my hielendal oan dy
waard weak yn dyn hannen en kaam ta myn geriif

mar doe’t ik fan ’e moarn wekker waard
wist ik, it hie in dream west
ik hie wol in prachtige nacht hân mei dy
fol mei fleislike begearten… Lês fierder

Geart Tigchelaar, Pieter Postma

snooze noch mar efkes myn leafste

logo.ensafh

 

 

it lekken ferwosken
de gatten hâlde waarmte
fêst mei ús lichems
leppeltsje leppeltsje

de kat set it wetter op
en miauket ús
dreamen de nacht yn

mei ratteljend buissysteem
smoare wy de frijerij
yn in ierstoarn kessen

stiet de kat yn moarnsjas
oft wy der soms net ôf moatte
mar de sinne en wyn hawwe
dochs gjin trochkommen
efter de stoffige latsjeblinen

no fiif minuten noch
mar dan is it fuottenein mynt
oars fine myn neilen jim eagen
as stjerren ûnder it ledikant
rizet de moarnslust
en wettersieder útknipt

Foto: Pieter Postma

Lês fierder