Der moat mear romte yn de boekekast komme. De steapels nije oankeapen yn myn “studearkeamer” wurde te heech. Dat ik sjoch foar de safolste kear nei de twa planken mei Simon Vestdijk. Dy haw ik sûnt myn tritichste net mear lêzen. En eins haw ik allinne oan Ivoren wachters en Pastorale 1943 dierbere oantinkens. En oan de sadistyske Meneer Visser’s hellevaart, oan de sênes wêryn’t er in wylde ein tusken syn tsjeaken ferbrizelet en op de wc Robespierre tinkt te wêzen. Foardat ik it wit, sit ik wer te lêzen. Ik nim in ferhalebondel mei op bêd, ‘De oubliette’ en ‘Het veer’ moatte de trochslach jaan.… Lês fierder

