Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 4e Haadstik

logo.ensafh
kriichshannelingen. us jonges yn afghanistan sette har yn foar de beskaving. se harkje nei passende muzyk. ex pluribus unum. oer arbo-karde tanks, de seine fan de merkwurking, en in suksesfolle yntegraasje fan de nederlanners (sjederrr, it kin wol!) yn de afhaanse multi-kulturele maatskippij.

De mannen leine fredich op bêd of sieten yn it sithoekje. Van der Balk lêsde yn de Koran. Hoewol’t Van der Balk sels ateïst wie, ynteressearre er him de lêste tiid in protte foar religy. Hy hie yn syn jonge jierren de bibel lêze moatten mei’t syn âlden tige tsjerksk wiene. Mar al foar de puberteit hie er ta de konklúzje kommen dat monoteïsme by de puberteit fan it minskdom heard.… Lês fierder

Hidde Boersma

Folderology

logo.ensafh

Somtiden smyt ik folders troch brievebussen. Dat doch ik foar jild, oars soe ’k der sa gau net oan begjinne. Mei in bûnt selsskip ride wy dan mei in wyt buske, folladen mei folders en fytstaskarren, by it Utrechtse yndustryterrein Lage Weide wei. It moaiste is dan as de Alfa-man de sjauffeur is. Hy ferstiet syn fak. Nea sil ik ferjitte hoe’t er my mei syn bombastyske basstimme opdroech om te folderjen oant it ‘Alphons Diepenbrockplein’.
‘Wat?’
‘Jij loopt tot het Alphons Diepenbrockplein!’
In djippe brok.
It selsskip fan folderders, sa’n fiif buskes fol, is, om it djoer te sizzen, tige plurifoarm.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Heit âld, dochter net troud

Alde fammen ôf te klopjen

Alde fammen ôf te klopjen
as de tiid der rjocht op hat
is foar har net te ferkropjen.
Tink! De stimpel knypt en knet,
frijt noch paait, fielt nea langst-lûkje
kriet se yn need oan Cupido,
mar yn it hert dêr wâlet in spoekje,
dy syn namme is legio.

Hoe kin dit de tekst ferklearje
no’t it myn dochters jierdei is.
Nee, mar hoe’t ik it ek probearje,
‘k slaan rûnom registers mis,
rymkes sûnder dichters-fleagen
krûpe ear as dat hja fleane.

Santich jierren’s tsjustere eagen
doare it wurk net mear bestean
it jierdeiferske is ôfmêde,
winsket inkeld noch wer seine.

Lês fierder
Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Heit âld, dochter net troud

Alde fammen ôf te klopjen

Alde fammen ôf te klopjen
as de tiid der rjocht op hat
is foar har net te ferkropjen.
Tink! De stimpel knypt en knet,
frijt noch paait, fielt nea langst-lûkje
kriet se yn need oan Cupido,
mar yn it hert dêr wâlet in spoekje,
dy syn namme is legio.

Hoe kin dit de tekst ferklearje
no’t it myn dochters jierdei is.
Nee, mar hoe’t ik it ek probearje,
‘k slaan rûnom registers mis,
rymkes sûnder dichters-fleagen
krûpe ear as dat hja fleane.

Santich jierren’s tsjustere eagen
doare it wurk net mear bestean
it jierdeiferske is ôfmêde,
winsket inkeld noch wer seine.

Lês fierder
Skermer

Achter it skerm

logo.ensafh

De rige kollums dêr’t ik no mei út ein set sil ferskine op ynternet. Ik stel my it folgjende foar. In Amerikaanske biolooch fan Frysk komôf, dy’t op ’e Galapagoseilannen ûndersyk docht nei it hâlden en dragen fan skylpodden, surft oer it ynternet en komt telâne op ’e side dêr’t dizze kollum op stiet.
Sa begûn ik, mar doe woe ik dy Galapagoseilannen sjen en betinke wêr’t de biolooch krekt tahâlde.
Ik seach op Google Earth en dûkte op ’e eilannen ta. Der kamen allegear kraters op my ôf. Ja ommers, it wiene fulkanyske eilannen. Ik gong de kusten fan ’e eilannen bylâns, de binnenlannen yn – in protte bosk en aardich wat marren – ik seach yn it stedsje Puerto Villamil.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 3.4

logo.ensafh

Dy’t God leagenet, ûntkent it bestean fan moraal en fatsoen, is minder as in bist, en fertsjinnet de kwellingen en de dea.
 

Wolno, 12 fan sokke westerlingen makken har no ree om Afghanistan te ‘helpen’. Op syn bêst wiene se in bytsje oekumenysk kristlik en op it slimst wiene se yndie ûnleauwige hûnen. Yn in grutte wolke moude sette de piloat it fleantúch oan ’e grûn. De syddoar fan it fleantúch gie iepen. De waarmte sloech har as in tekken te mjitte. Aldergeloks wie it in droege waarmte, gjin fochtige. Gjin ljedder diskear. De mannen makken sels de sprong nei ûnderen ta; yn tsjinst fan it leger joegen se har nei ûnderen ta, nei ûnderen dêr’t de sinne it sân yn brân sette as wie dit de hel sels.… Lês fierder

Anke-Marije Piebenga

Errata In Memoriam Tjitte Piebenga

logo.ensafh

Babs Gezelle Meerburg hat in protte flyt dien op it In Memoriam fan ús heit.
Spitigernôch sitte der in pear bonkjes yn. De frou yn It Lyk wurdt oantaest hyt fan Anke, dat dat wie nét de namme fan de earste frou. Us mem, Hannah Ludwig, wie sjoernaliste by Het Vrije Volk, doe’t sy ús heit kennen learde. Underwizeres hat sy nea west, wól wethâlder en Steatelid.

En wat Myn sêftgrien famke oanbelanget: ik wol gjin krityk hawwe op jo opfetting fan dizze fersebondel. Jo binne fan betinken dat it in lofsang op de muze is. Ek moai hear. En soks mei fansels.… Lês fierder