Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Bewustheid fan kosmos en oarder

Stjerreswaarm

O stjerreswaarm, waans gloarje ús op de eachsapel fljocht,
is elts fan jimme in sinne dy’t elts in wrâld ferljocht?
Untelbere himelbollen, dy’t myn tinkkrêft lûke,
as wiisbegeartes eagen de stiel-glêd-spegels brûke,
ús tûzenen lit sjen, o romte, o widens, hoe great?
Wat is ús sinne lyts, ús ierdbol is in neat.
Hoe dol is it foar ús each de Molkwei yn te brekken,
ferkjeljend stik fan Him dy’t it útsprate as in lekken.
O ûnbedike romte! O goedens, almacht, keunst!
Hoe tel ûntslûpt de geast himsels, dy’t dit oertinkt?

De komeet

Wat grutsk ljocht?

Lês fierder
Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 3.2

logo.ensafh

– De VOC, ferfette Van der Balk, wie net in steatsbedriuw mar in kommersjeel bedriuw. De wiere gruttens fan Nederlân siet him net yn in kommersjele ûndernimming dy’t har wjergaders ek yn oare westerske lannen wol hie. Nee, de wiere gruttens sit him doch yn de skilderkeunst, de literatuer en de kombinaasje fan beide. Dyselde frije tinkers dy’t sa narre waarden ha de bysûnderste boeken skreaun. It is de tiid fan Hals en Rembrand, Vermeer en Van der Venne, Coornhert en Spiegel, Huygens en Bredero.

Van der Balk wie no syn Kalashnikov oan it ynpakken. Desiderius twifele efkes oft dit wol in gaadlik momint wie om Van der Balk noch mear te fuorjen.… Lês fierder

Koos Tiemersma

Faktoaren fan bûtenôf

logo.ensafh

Ik waard attindearre op in resint besprek oer De ljedder fan Van den Berg, oftewol de ferneamde boeklogger, dy’t him no opwurke skynt te hawwen nei it echte wurk: haadresinsint by Farsk. No hie dizze besprekker al earder op syn webloch Mind Games ûnder hannen nommen. Tige komysk, moai koart en dus o sa gaadlik foar it plakboek, ik ha der in soad wille om hân.

Oft it nijste besprek it ek sa fier skoppe sil? Ik tink it net, dêrfoar bliuwt de tekst my te fier ûnder de mjitte hingjen. De yndieling is oars wol opmerklik. Om in besprek te begjinnen mei in wiidweidige ferantwurding dy’t benammen oer de resinsint sels giet freget moed.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 3e haadstik

logo.ensafh
Dêryn meitsje de 12 takomstige helden de oerstek fan Europa nei Azië, in stikje Europa yn Azië ynbringend, en alsa sette dizze nijbakte allochtoanen de mythe fan de ûntfiering fan Europa op har kop. Petearen oer syktekostefersekeringen en fammeflueswersteloperaasjes.

Nei in foech moanne wiene de 12 helden oplaat ta eurokommando. Dat mei koart lykje, mar ferjit net dat de mannen yn in eardere libbensfaze al yn it leger sitten hiene, en dat boppedat de Fryske oranjekoeke in dusdanige foarmjende, sis mar edukative wearde hie dat de mannen mei nocht en wille nije feardichheden opdiene. Wat der earder oan har oplieding miskearre hie, wie no alhiel yn oarder brocht.… Lês fierder

Ytsje Hoekstra

Yntinsje

logo.ensafh

Krantekop-skimmend liket it nuver dat in wethâlder mei ûnderwiis-portefeuille, dy’t in nije skoalle finansierd hat, neffens guon leararen perfoarst net delkomme mei om it gebou te iepenjen. In leuke kollega op kantoar freget dy by’t ynkommen ofsto noch wolris by jûntiid oerwurkest? Ofst dan ek op ’e fyts komst? Joust op dy nuvere fragen gewoan antwurd, gniist in hiele ôfdieling dy út.

Op sa’n stuit hat dyn brein efkes oanklauwen. Is it safier datst op alle miste nijsfeiten wer by bist, dan giet dyn eigen referinsjekader der noch op fermoeiende wize mei oan ’e haal.

A: moatst by de kofje oeral in miening oer hawwe, dus ja, wat fynst hjir fan?… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh

Idylle en dea fan dochter Cynthia

Palemon by Clarinde har jierdei

De wetterman dy stoart syn krûk balstjurrich út
mei snie en iis; al it fjild wurdt as in wiete tekken,
de eastewyn dy wrotte op ’e stâl ta en de heafekken,
en blaasde blom en beam en fjild op it binnerút.
De meagere honger stiet fan kjeld te bibbertoskjen,
de grûn klinkt izer-hurd, der is gjin mosk dy’t tsjyt,
mar fljocht de skuordoar rûn, om it kromke dat him fiedt,
allinne skierroeken komme om by it aas te boskjen.
It tizich âldwiif is beferzen yn har siel,
sit op ’e stove fêst, har hannen djip yn ’e bûsen,
har Joast sit by de hurd, om turven op te setten,
ûntteit de beanpôt ta it meagere middeismiel.

Lês fierder
Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh

Idylle en dea fan dochter Cynthia

Palemon by Clarinde har jierdei

De wetterman dy stoart syn krûk balstjurrich út
mei snie en iis; al it fjild wurdt as in wiete tekken,
de eastewyn dy wrotte op ’e stâl ta en de heafekken,
en blaasde blom en beam en fjild op it binnerút.
De meagere honger stiet fan kjeld te bibbertoskjen,
de grûn klinkt izer-hurd, der is gjin mosk dy’t tsjyt,
mar fljocht de skuordoar rûn, om it kromke dat him fiedt,
allinne skierroeken komme om by it aas te boskjen.
It tizich âldwiif is beferzen yn har siel,
sit op ’e stove fêst, har hannen djip yn ’e bûsen,
har Joast sit by de hurd, om turven op te setten,
ûntteit de beanpôt ta it meagere middeismiel.

Lês fierder