Jemke Visser

Boas

logo.ensafh

Hoe langer ik meirin, en dat is bêst in aardich skoftsje, hoe minder ik der sa stadichoan fan begryp.
In grut part fan de minsken is boas, hearre je hieltyd mar. Wilders ek, alteast dat seit er. Hy lûkt der yn elts gefal gâns stimmen mei. Faaks komt it om’t er yn in kokon fan algeduerigen befeiliging sit. Dan ferlieze je it gewoane libben miskien wat út it each en ha je net yn ’e rekken dat it mei dy lilkens wol wat tafalt. Der is genôch te genietsjen en te laitsjen.
‘Nederland is weer van ons’ … Wie dat ús dan ôfpakt?… Lês fierder

Henk Nijp

Harsenskrabje

logo.ensafh

We stiene noch mar in blauwe moandei mei de caravan op it wenstige seizoensplakje by ús bolleboer yn Noard-Hollân, mar it moaie waar liet noch op him wachtsje. It ûnbidige fjild mei titelroaskes foar de doar stie der lykwols noch hieltyd prachtich by. Wy hiene ornearre dat de foartinte noch wol even yn ’e banken bliuwe koe. Wy soene it noch wol efkes sûnder rêde, yn ’e caravan koene wy ek wol út ’e fuotten. Mienden wy. Mar nei in pear dagen waard it lykwols wat krap en rûnen wy inoar soms dochs wat te folle yn it paad. Dat doe’t it waar wat opknapte en de wyn ek net al te folle mear byspile moast it mar wêze. … Lês fierder

Gabriëlle Terpstra

Dichter Hindirk Hannema ferstoarn

logo.ensafh

Dichter, ‘zijne meerendeels meesterlijke majesteit’ Hindirk Hannema is ferline wike ferstoarn op syn 33e.
Ik learde Hindirk kennen by Ixta Noa, in ynrinhûs dêr’t wy beide kamen.
Hindirk wie in grappige ferskining dy’t faak op freed efkes delkaam, dan hie er in pear liter rauwe molke op ’e merk kocht by Leen út Jouswier.
Hindirk hâlde fan sporten, hy die yn dy tiid oan Gladiatortraining en karate by Robert Akse en dêrfoar moast er fansels goed om syn iten tinke. Dat iten wie ek in ynspiraasjeboarne foar syn poëzy. It makke him lilk dat der safolle net sûn iten wie.

Hindirk brocht my op in stuit yn ’e kunde mei poëzy.… Lês fierder

Anne Feddema

Mindfuck op myn atelier

logo.ensafh

‘Tafal bestiet net. In doar kin ta falle. Dat is gjin tafal, mar mear in bewuste ûnderfining fan ’e doar. Yn begjinsel bestiet der gjin tafal.’ Alsa skreau Kurt Schwitters yn 1919. Wat moat ik, wat moatte jimme tinke fan it no folgjende ferhaal? Hegere machten yn it spul dy’t alles neffens in foaropset plan bestjoere? Hoppetee, fuort mei de frije wil?
In pear wike ferlyn wie ik yn Kataloanje, noch foar it Sant Jordi feest fan 23 april. Yn it koart: jo jouwe immen in roas en krije in boek werom. De boarne is drakebloed en soks, sykje it mar op.… Lês fierder

Gabriëlle Terpstra

BLOEI I

logo.ensafh

Sûnt desimber wenje ik wer yn Frjentsjer, in stêd dêr’t ik ea opgroeide ta betiisde.
In stêd dêr’t ik, doe’t ik jong wie, hiel graach wei woe.
Ik hie in grutte winsk om fuort te rinnen. Dit fuortrinnen wie foar my de ultime fantasij.
Ik soe dan nei it bûtenlân gean. Gjin idee wat ik dêr dwaan soe, want ik hie fierder net folle ambysjes, útsein fuortrinne. Dat wie dan ek it belangrykste.
Op in stuit hie ik fia it ynternet sels in pedofyl, dy’t sabeare yn Amearika wenne, safier krigen om my oerfleane te litten. Myn nicht mocht ek mei, dy woe nammentlik ek altyd fuortrinne.… Lês fierder

Jemke Visser

Fakânsjes (1) ‘Kastely’

logo.ensafh

‘En … wêr sille we no ris hinne’ hat west. Ik wit noch skoan hoe’t elts foarjier yn it teken stie fan wer oer de grins. Earst mei bern en hûn yn ’e auto, karke en tinten op ’e strún nei aardige, wat smûkere, lytsere campinkjes.
Om it hiele D-Day barren te besjen bedarren we in kear op in wol hiel provisoarysk campinkje by in boerespultsje fuort by Omaha Beach. Ien lyts toilethokje wie der mar. De boer yn wurkersklean, mei pet, snor en in bongeljend sjekje yn ’e hoeke fan ’e mûle kaam eltse moarn lâns yn syn ratteljend 2 CV’tsje om it jild op te heljen.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Noch mear dowen

logo.ensafh

Freondin T. siet op ’e praatstoel. Se wie ferhuze. Nei in appartemint. En it wie o sa nei ’t sin. Trije heech, útsicht oer de greiden en ûnder wie ek fan alles te belibjen. Skilderje, muzyk, kofje drinke, ite, rabje.
Se hat ek in moai grut balkon. Bakken mei kleurige blomkes en fansels in hokje om wat iten foar de fûgels op te struien.
‘Sa gesellich,’ nokkere T., ‘ik mei graach oer fûgeltsjes om my hinne. Oars kin it gjin thús wêze.’
Ik wie it mei har iens. Ik siet noch mar krekt doe’t de bel gie. Har buorman kaam deryn en sa te sjen wie er wat oeral.… Lês fierder