Jetske Bilker

Harry Potter en de stien fan de wizen

logo.ensafh

In priuwke út de Fryske oersetting fan it earste diel yn de Harry Potter-rige.

As der in brief brocht wurdt foar de ûngelokkige Harry Potter, komt er achter in tsien jier âld geheim. Syn âlden wienen tsjoenders en waarden fermoarde troch de flok fan in Tsjustere Hear. Harry wie doe noch in poppe, mar hat it op ien of oare manier oerlibbe. Hy ferlit de freeslike Migels dy’t him grutbrocht hawwe, en giet nei Swiniastate, in tsjoendersskoalle mei spoeken en betsjoenings. Harry rekket fersyld yn in tsjuster aventoer as er in trijekoppige hûn fynt, dy’t de tredde ferdjipping fan ’e skoalle bewekket.… Lês fierder

Nyk de Vries

Motorman & 39 oare proazagedichten | 3

logo.ensafh

3. KARNAVAL

In donkere wein kaam oanriden en in lyts famke stapte út. Se krige in tas oanrikt en fleurich ferklaaid as clowntsje rûn se it skoalplein oer. Mar karnaval wie pas oare wike. It famke wie as iennichste sminkt en de hiele moarn moast se treasteleas gûle. Tsjin healwei fjouweren helle har mem har wer op. Dy skrok raar doe’t se it ferhaal hearde en wiidweidich en mei triennen yn ‘e eagen fertelde se wat dy moarn allegear ferkeard gien wie. Se hie miskien better swije kind. Dingen útlizze, dat kinne we allegear hiel goed.

(Foarpublikaasje 3 fan 3, út de bondel dy’t útkomme sil op 26 augustus 2007 op de Dag van de Uitmarkt, yn Paradiso, Amsterdam.)Lês fierder

Jenny Veenstra

Dänen lügen nicht

logo.ensafh

Doe’t de freed yn in sneon feroare en syn hert noch tikke, besleat Karl-Werner Zweimann dat er fan no ôf in Deen wie.

‘Dänen lügen nicht,’ sei it ferske en Karl-Werner leaude graach oan ferskes.

‘Ich bin ein Dansk,’ seid er tsjin himsels. It hearde him al o sa fertroud yn ‘e earen. Wa woe no lid wêze fan dat poepefolk mei syn Nazi-ferline, as er yn syn djipste wêzen Deen wie? Net ien by syn rjocht ferstân, doch? Karl-Werner gong foar de spegel stean en helle de hân troch syn readblond prúkje hier. Eins nuver dat er syn Deensk-wêzen net earder beseft hie.… Lês fierder

Hylke Tromp

The Kentish Doom

logo.ensafh

Www… wêr bin ik bedarre? En hoe kom ik hjir wer wei?

‘Enter your password,’ boldere de moassige kobold by de poarte.

‘Bûter, brea en griene tsiis,’ stammere ik.

Piipjend kreake de doar los. De krobbe bûgde hoflik en swaaide noegjend de hân foar de knibbels lâns. Wie it in ding, of siet der libben yn? Ik kaam yn in romte dêr’t it healtsjuster de grinzen net fan bleatjoech.

Efter my foel de tagongsdoar mei in klap yn ’t slot. It izeren fonnis davere driigjend nei: Lasciate ogne speranza. Wat wie dit foar oarde? In mytyske grot, in ferlerne wrâld ûnder de ierde?… Lês fierder

Koosje Melis

Chique

logo.ensafh

Sa út en troch stelle jo in domme fraach. Sa frege ik fan ‘e wike yn de buertsuper wêr’t ik de espresso fine koe. De jonge wiisde oan: nespresso fan Nescafé? Of woe ik Kapoetsieno? ‘Nee,’ lei ik út, ‘ik zoek van die hele sterke koffie, voor in een espresso-apparaat’. Dat hiene se net. Ik hie it witte kinnen. Myn supermarkt lit him derop foarstean dat er ‘geen fratsen’ ferkeapet. Freondinne H. hat oer dy reklameslogan in hiel moaie krante-cartoon op it prikboerd. In net-skeard, net al te fris mantsje freget dêryn oan ien fan it winkelpersoniel wêr’t er de fratsen fine kin.… Lês fierder