Doe’t wy de tige drokke A10 ferlitte koene en de ôfslach Durgerdam namen ûnder de fly-over troch, wiene wy op slach yn it lân fan Nescio’s Titaantjes. Alde, smelle lânboudykjes, lytse tsjerketuorkes en sleatten en fearten mei tige heech wetter, dy’t har neat oanlutsen fan ’e oanhâldende drûchte. Wat in ferskil mei dy safollebaansdyk fan niiskrekt en wat in rêst. Neffens my binne it dêr allinne mar aardige jonges, dat kin hast net oars… Wy wiene op wei nei Cees Smit, grafikus yn Holysloot, ûnder de reek fan Amsterdam.
Troch in útnûging fan Tresoar foar in jubileumeksposysje, dy’t yn gearwurking mei VOG (Vereniging Originele Grafiek) yn septimber hâlden wurdt, waard ik as dichter oan him keppele.… Lês fierder