Lomme Schokker

Tút en der út

logo.ensafh

In buertkafee op in lette sneintemoarn yn Ljouwert. Myn man, oerdeis kronykskriuwer fan Fryske fiten en nachts master fan it kroegekadaster -syn wurden, net mines-, skûlet ferlern en rûch om it kin yn in hoekje. Der sit net folle libben yn him, hy liket krekt sa ferslein as it flutsje bier yn syn steapelglês.
‘Ik bin skjin tenein, leave, sa wurch!’ Hy knypt in swart sjekje tusken de fingers út en sjocht my lamliddich oan. ‘Oerdeis gjin rêst en nachtenlang net sliepe, dy fleanende drokte, it iene nei it oare, al dy minsken en dat lûd! It fljocht my oan!’
‘Och jonge, noch mar in pear wike Kulturele Haadstêd fan Europa yn en it is dy nó al te folle?’… Lês fierder

Klaas Rusticus

Op dy hichte dêrjinsen

logo.ensafh

Simmerfakânsje 1958.

Vader, Moeder en ik wiene yn it hûs fan Omke Marmion en Muoike Alouette yn Avignon, in treftich doarp fan rike boeren en skipskapteins-mei-pensjoen op it noardlikste puntsje fan it lân.

Jo sjogge dêr alles. Jo kinne hjirre de trein mei jo eagen folgje as’t dy fan Usquert oer Uithuizen en Uithuizermeeden nei Roodeschool ta rydt. Hy fiket him in paad troch it frije, beamleaze lân, lykas in read potlead dêr’t jo in streek mei lûke by in lineaal lâns.

No binne Vader en Moeder werom nei Snits en ik bin hjir efterbleaun.
Ik mei de earste dagen net reizgje: te benaud.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Kulturele masines

logo.ensafh

Jo sille faaks tinke, Cornelis as ynwenner fan de âlde Ljouwerter binnenstêd, dy sil dochs de feestlike iepening fan de Kulturele Haadstêd wol meimakke hawwe? Ik moat bekenne: ik haw der amper wat fan meikrigen. Al in lyts stikje fan de liveútstjoering sjoen, mar ik bin de keamer útrûn doe’t ik it safolste klisjee oer ‘de Friezen’ oanhearre moast.

It sleauwe 2018-lietsje ‘Seis oere thús’ fan Nynke Laverman en Sytze Pruiksma, dêr’t ik de tige bombastyske útfiering noch heal fan meikrige, is folslein ûngeskikt as ‘meisjongliet’ en it sentimintele klipke lit neat fan Kulturele Haadstêd Ljouwert sjen, it is allegearre greide.… Lês fierder

Lomme Schokker

Dêr dogge wy it foar

logo.ensafh

De pylderhillige sit sawat twa jier, njoggen moanne, tolve dagen, seis oeren en fjouwerentweintich minuten yn syn souderkeamer trijeheech-foar oan it Saailân op syn stien fan wizen te brieden mar it alles-ferhelderjend ynsjoch dat er sa begearet en dat inkeldris ferskynt as in ribbeltsje oan de sydkanten fan syn bewustwêzen, wie út de flecht wei sa sêft as in suchtsje.

Op de earste dei fan syn pensjonearring hat er bewust de wrâld fan it lytsminsklike ferlitten en him weromlutsen yn syn komfortsône fan in pear kwadraatmeter op it ienrutich souderke, fier fuort fan dy ferrotte mienskip fol kâlde en botte egoskrobbers, njirrige jildgnobbers, achterdehânhâlders, spoekbenaude deadwaners, kaffers en blaffers, keffers en bluffers, kribbekeurige kontkrûpers, bêdriddige liddichgongers, bedimjende mindwaanders, bitsige en hetsige poehawynders, moaiwaarsilers, lekskoaiers en lyntsjelûkers, de op de rêch skriuwende oerwurkútslovers, krinkjesspuiers, ôfsnutere kletslulders, plomkestrikers en pinnelikkers, liddige oerdriuwers, praatsjeferkeapers, beuzige boppedelsjenders, babbelers en rabbelers, stildeunske droechneukers, fodzjende ferlieders, flikfloaiers, rûchbûtsers, sjerpslikkers en rêchopstrikers, de swiertillers en de ûnheilsprofeten, de ûlewappers en de wittenskippers, de betterwitters, de keunstners en de fratsemakkers.… Lês fierder

Henk Nijp

Kieze

logo.ensafh

“Goeiemoarn, wekker wurde lytse jonge! Good morning, you’ve selected English.” Goeiemoarn, yn op syn minst njoggen talen, sa sawat begjint it promofilmke fan KH-LF’18 dat op 1 jannewaris firaal gie op Facebook. En grif ek op ’e oare digimedia.

It filmke nimt ús mei krekt oft wy yn in drone boppe Fryslân fleane. Of yn in luchtballon. Moai útljochte bylden fan it provinsjale erfgoed. Tsjerkeklokken liede en nei sicht op ’e toer fan, ik tink, Hegebeintum, Warkum en Deinum – dêr’t de toer op it stuit dat de fideo opnaam waard blykber noch net wibele – en noch in stikmannich oare tuorren, steane wy yn ‘Leeuwarden’ (sprek dat sa Ingelsk mooglik út), op in plat dak yn it skaad fan de Roomske Tsjerke.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (12)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw

Foar alle wissigens: de earder publisearre en neifolgjende teksten op dit plak binne dus skreaun troch drs. Arjen H.P. van Tuinen silger. Ik, Cornelis van der Wal, haw allinnich mar de taal behoffene, en bin net ferantwurdlik foar mooglike histoaryske ûnkrektens en oare, net alhiel logysk te ferklearjen saken. Van Tuinen woe ommers op it lêst fiksje skriuwe, min ofte mear basearre op wiere feiten en dokuminten.

Reade wyn en kessens

“Wat tinkst, Lutske,” sa neamde Simke har tsjinstfaam Lucia altiten út ’e gek – it kreaze Rotterdamske famke mei it reade krolhier koe nammers ek al aardich wat Frysk ferstean, mei’t Simke as wenst hie en brûk ek yn har Haachske wente har memmetaal – “sil ik dizze blauwe jûpe aansten oanlûke, of dochs mar de swarte?”… Lês fierder

Jelma Knol

Smoare yn dyn eigen bubbel

logo.ensafh

 

In anekdoate dy’t by ynternasjonale managementkursussen nochalris ferteld wurdt is de folgjende. De sprekker freget it heechoplate managerspublyk oft it wit yn hokker eksportbrânzje Finlân nei it súkses fan Nokia it bêste skoart, sawol kwalitatyf as finansjeel. Meastentiids folget der in lange stilte. Dan komt de sprekker mei in rige nammen en freget er oft immen dy’t de goede brânzje riedt de hân opstekke wol. “RautavaaraMikkolaLintuSibelius…” Djippe stilte ûnder it publyk. “Ik nim de Baltyske republiken no ek mei yn de opsomming,” giet de ynlieder fierder, “PärthLandisbergerTormisRistoJoosten.” Ien bretaaltsje ropt no: “De ICT-sektor.” Mis. It is de muzykbrânzje. Komponisten, diriginten, útfierende musisy.… Lês fierder