Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (11)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw

’s Gravenhage, 22 Dec. ’18.
Achte Frjeon Douwe,
Dizze brief is for jo, mar ik scil him nea op de bos dwaen.

Ik haw foar it gemak de ein fan myn foarige blogke hjir wer efkes boppe-oan plakt, en ik nim oan dat jim it mei my iens binne dat sa’n âldfrinzich sitaat eins hast net mear nei te kommen is foar in sljochtwei lêzer. Ja, iksels bin wol wat wend, mei myn ekspertize as literêr-histoarysk ûndersiker, mar myn publyk te narjen mei soksoarte tige toarre teksten… Nee, dat moat oars.… Lês fierder

Marcel Plaatsman

Mystikifikaasje om it Nijedjip hinne

logo.ensafh

Yn it noarden fan ús provinsje, dêr’t de dyk it lân omklammet, en dêr’t de fearboaten ôffarre, dêr is Fryske literatuer makke, dat it moat dêr eins wol in Frysk stedsje wêze. It hjit fan it Nijedjip en ek wer net, de ynwenners sizze it wol sa (yn harren dialekt), mar op de plaknamboerden stiet hiel wat oars en it stiet der ek mar in ien taal. Ik haw it oer De Helder.

De Helder leit net yn Fryslân en ek net yn it part fan Noard-Hollân dat West-Fryslân neamd wurdt. Dêr is De Helder net âld genôch foar. Frysk waard der nea sprutsen.… Lês fierder

Lomme Schokker

Dêr op Malta

logo.ensafh

‘Carolyn, einlings en te’n lêsten ha ik dy oan de telefoan! Daphne Caruana Galizia, dat is dochs famylje fan dy?’

‘Myn nicht. Se wennet yn Bidnya, wenne…, hjir in pear kilometer it easten op. Ik wie op it dakterras, ôfrûne moandeitemiddei. Ik ha de eksploazje heard.’

‘Wat moat ik sizze, ferskriklik!’

‘It is freeslik! It hiele lân is oerstjoer. De FBI hat de lieding fan it plysjeûndersyk, der binne hjir ek eksperts út dyn lân. Mar tink mar net dat it wat opsmite sil.’

‘Is ek de plysje by jimme korrupt?’

‘Wat tinkst? Wat tinkst? De polysjelieding is oansteld troch de politisy.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (10)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. cvdw

It wie allegear opskuor yn frou Radsma (nei alle gedachten silger) har keamer. Ferpleegjend personiel draafde út en yn, guon froulju mei de triennen yn ’e eagen. Nuver, se wiene hjir dochs wol wat wend, naam ik oan. Madelon wie der ek hielendal ôf, se hong bryk en sleau op it bêd om en seach alhiel ferdôve foar har hinne. It rekke my sels net sa bot, en ik skamme my dêr ynearsten al wat om, mar ik wie ommers yn it foarste plak wittenskipper, sa stelde ik fêst, en emoasjes hiene jo yn feite neat oan.… Lês fierder

Anne Feddema

Ars Helvetica, Musica Sacra

logo.ensafh

De iene nei de oare berch yn Switserlân, in friesgrafyk fan haaietosken. It suver, té kreaze jodela-E.T.- lân, dêr’t je mar komselden in fertutearze wente of sels mar bargehok tsjinkomme. Jo eigen Kuifjekollumnist AHBF út L. wie dêr dus. Ik haw mysels opoffere foar de goede ensafh-saak en gong mei mei in organisearre groepsreis fan de hillige Sint Peter Langhout. Mei dy ûndernimmer reizgje is altiten bysûnder en aventoerlik, want je witte nea wat jo krije sille foar je jild. De iene kear sliepe je yn ’e djoerste hotels en keamers; twa oernachtings dêr, betelle as bûten-in-groep-reizger, binne dan al de helte fan it hiele reisbedrach, tsien dagen fuort op basis fan healpensjon.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

De lêste sinne

logo.ensafh

Klaas de Groot wie klear mei it ynfieren fan nije data foar it wurkleazeprojekt fan ’e gemeente, dat er tegearre mei Tiny Schaap, strange bril en knotsje, opsetten hie. Hy speake him ris noflik út, syn lang ljocht krôljend hier hong oer de rêch fan ’e burostoel hinne. In soad tiid om by te kommen krige er spitigernôch net. It byldskerm knippere: der wie in oertrêding konstatearre op ’e Asingapôle, by de famylje Kaastra. It soe ek net sa wêze, dat wiene streekrjochte aso’s. Klaas beseach noch efkes koart it dossier fan de famylje, it wie benammen Berend Kaastra dy’t geregeld foar problemen soarge hie.… Lês fierder

Jelma Knol

Russyske prinses brocht muzyk yn Siberië

logo.ensafh

Soms krigest tanksij www.boekwinkeltjes.nl in boek yn hannen datst nei lêzing fuortleist mei de sucht: Wêrom is dit ferhaal net ferfilme? Ik doel op The princess of Siberia (1985) fan Christine Sutherland, dy’t it libbensferhaal fan Maria Volkonsky en de Dekabristen opskreau. It is eins it perfekte ferfolch op Oarloch en Frede, omdat in tal Russyske oarlochshelden út 1807 – 1814 in rol spilen yn de opstân fan 1825 tsjin it feodale bewâld fan tsaar Alexander I (in âldomke fan Willem-Alexander trouwens, hy koe de dûbelgonger wêze fan dizze lange, ljochthierrige tsaar. De mâlkoppigens fan de Oranjes skynt ek fan it Romanovbloed te kommen).… Lês fierder