(Van Tuinen hat yn dit weblogfragmint de posysje fan alwittende ferteller ynnaam; it is net rjocht dúdlik wêrom. cvdw)
De koffer
Frou Radsma hie suver wat oerstjoer en skriemerich west nei it petear mei dy eigenwize fint út Ljouwert. Madelon hie noch yn bestân stien en sis de folgjende ôfspraak telefoanysk ôf, mar dat hoegde net, sa sei it âld wyfke doe’t se letter wat bedarre wie. De wierheid moast sein wurde. “Ik bin der no noch,” wiene de lêste wurden foar’t se ôfskie naam fan Madelon en de doar fan har keamer yn fersoargingshûs Bethania ticht die.
Nei in knipperke fan sa likernôch in kertierke – it iten hie lykas wenst wer nei neat smakke – gie frou Radsma nei ûnderen ta, nei de neffens guon gesellich ynrjochte rekreaasjeseal.… Lês fierder