Hidde Boersma

De bollesesjes 4: Tinke en betinke

logo.ensafh

“Ist das Schwein?”
Andrzej, 2016

Wa’t tinkt betinkt net wat er tinkt. Hy observearret.

Yn in âld pleatske tusken de Vecht en it Amsterdam-Rijnkanaal sit in lyts frommeske fan Sina oan ’e keukenstafel te iten. Lasagna. In grutte en lompe Poalske sumowrakseler bûcht him mei in heale literblik mei bier yn ’e mânske klau oer de tafel en sjocht ris op har itensboard.
‘Ist das Schwein?’ wol er witte.
It Sineeske famke – in operasjongeres – kin net ferstean wat er seit. Se seit dêrom mar fan ‘yes’.
Us Poal dan, suchtet fan ferromming.
‘O, glücklich,’ seit er, ‘ich dachte du warst ein Asylanfrager.’… Lês fierder

Willem Winters

Tink derom, de oprommers komme der oan

logo.ensafh

Myn kasten kreakje, de flierren fersakje. Mar ik hâld fan sammeljen. Dat begûn al doe’t ik in jier as acht wie: sûkerpûdsjes, postsegels, sigarebantsjes, lúsjefersdoaskes en letter opsette fûgels. Tsjintwurdich fotokamera’s [sa’n 30] en harten; dat begûn hiel ûnskuldich mei in hartsje fan Van Meegeren, doe oare harten en harteftige bisten yn byldzjende keunst, doe ek 3D-hartobjekten [fyftich stiks] mei as topper in jachttrofee-hartekop-op-in-planke. En boeken, in hiel soad boeken. Allinne al 110 boeken oer katten en 130 oer it dadaïsme. Fierder noch 300 sniebollen en santich keunstwurken. Ik ken wol minsken dy’t mear hawwe. [Ek wol dy’t minder hawwe of hielendal neat sammelje!]… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Ferplichte rou?

logo.ensafh

RIP, Glenn

Kultuer? Wat is dat? Is dat wat fan fier yn it ferline? Of wurdt krekt no kultuer makke? En foar wa is dy kultuer dan? Is dy foar de happy few dy’t it jild en de tiid ha om der fan te genietsjen? Of is kultuer in net te mjitten wearde dêr’t sels de meast earme stakker wat oan ha kin? Ien dy’t mei in flesse minne reade wyn op in yn it foar klearmakke klúnplak foar de Alvestêdetocht ûnder in stik flierkleed krûpt om te sliepen? En in noch gruttere fraach, wa fertelt jo wat wearde hat en wat moai is?… Lês fierder

Piter Boersma, Bartle Laverman

Iepeningstaspraak by de útstalling ‘Bestiet der Fryske ferbylding?’ fan Bartle Laverman

logo.ensafh

Piter Boersma

Ik begjin mei trije sitaten:

Sitaat ien:

‘Wa’t it net sjoen hat, kin him net foarstelle hoe’n protte yntime, heimsinnige en romantyske poëzy de keunstner yn dizze ienfâldige holle lein hat. De pinsielstreken binne hast te sjen, sa as op in protte fan syn skilderijen, de kleurskakearingen binne net fel of yntins, mar krekt oarsom tige sêft en tige ynhâlden, it docht hast griis oan, mar it is folslein fan harmony.’

Sitaat twa:

‘En omdat gjinien it seit, sil ik it mar sizze: dit skilderij is perfekt fan tekening, perfekt fan foarmjouwing. Hat it publyk wol troch hoe dreech it is om mei kleuren foarm te jaan?… Lês fierder

Jelma Knol

Wy pakke woarst yn foar ús Messias

logo.ensafh

Wy diene de krystdagen lekker oer mei al dy snie en izel. Ik moast in IVN-opdracht ôfmeitsje, de beam stie noch en de fûgeltjes bûten taalden lang om let nei de hjouwerflokken. It wie stil yn ’e hûs. Under it tikken op de laptop songen hieltyd fragminten út The Messiah troch myn kop: ‘Surely’ en ‘The prince of peace’. The Messiah wie by ús thús in begrip.

Us mem song fjirtich jier lang by in oratoariumferiening (it COV yn Assen) en se krigen lang net altiten subsydzje foar de útfierings dêr’t dochs djoere solisten en orkestrale begelieding foar ynhierd wurde moast.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

De arrestaasje

logo.ensafh

Myn bewustwêzen kaam as in sêft streamke wer yn myn holle. It wie noch swart om my hinne, mar dat kaam om’t ik de eagen ticht hie. Troch in skreefke liet ik stilwei it kâlde ljocht op it netflues falle. Myn linkereach wie hielendal opsetten. De kop bonkte my as waard der allegeduerigen mei in stoarmram tsjin myn efterholle beukt. It ljocht wie mar kwealik te fernearen, mar ik seach in lyts hokje mei heech oan ’e wand in finster. Sa te fernimmen lei ik op in bêd, in wc yn in hoekje mei dêrnjonken in taffeltsje en in stoel. Ik hie genôch films sjoen om te witten wêr’t ik wie, dat ik die gjin muoite om de stielen doar te besykjen.… Lês fierder

André Looijenga

Boek dat foarearst lizzen bliuwt: Księgi Jakubowe

logo.ensafh

Ik seach it yn ’e etalaazje stean doe’t ik, in moannemennich lyn, ris yn Białystok wie. In kleastermop fan in boek, fan in skriuwster mei de namme Olga Tokarczuk, mei de hiele foarkant fol mei in ûnmooglike útwrydske titel. In boek oer in reis troch lannen, talen, wrâldreligys, koe ik ûntsiferje. Moai útjûn; want yn Poalen wurde nije boeken moai útjûn. Nijsgjirrich, mar de jûn foel yn en de boekhannel gie krekt ticht.

Foar’t ik yn it mânske boek blêdzje koe, moatst ik noch even wachtsje. Dat ik kin jo no likegoed wat fertelle oer Białystok en hoe’t ik dêr bedarre wie.… Lês fierder