Dirkje Brouwer

Wite kryst

logo.ensafh

Mei krysttiid hearst bysûndere ferhalen. Sa fertelde ús mem dat der in jonge by har yn ’e klasse úteinlik op ’e LOM-skoalle bedarre wie. Hy hie op skoalle by de sprekwurden de foarset: zo wit als … ôfmakke mei… een luier. Ta hilariteit fan ‘e klasse. Ik fûn it krekt kreatyf en hielendal gjin teken fan dommichheid. ‘In ruft is dochs ek wyt,’ oppere ik. Sa bespotlik fûn ik it net.
Us mem luts de skouders op. No ja, dochs op ‘e LOM-skoalle belâne, dy earme Jan. Ach, oare tiden. Der gongen wol mear dingen nuver op skoalle, eartiids. En wylst ik seach nei de rollade wist ik al hokker ferhaal no fan stâl helle waard, want ik haw it al tûzen kear earder heard.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Trainde kaakspieren yn it nije jier

logo.ensafh

It binne de lêste dagen fan it jier. Yn de sportskoalle wie it drok fan ’e moarn. Elk woe de krystkilo’s der leafst yn ien moarn wer ôf switte. Want te hearren oan de ferhalen hie elk noflike dagen hân. Tafels fol mei iten en alle bern en pake- en beppesizzers der omhinne. Yn goeie harmony.
Nei de krystferhalen kaam it petear op foarnimmens foar it nije jier. En de sfear op en om de apparaten waard suver wat oerémis. Der waard mear praten en lake as switten. ‘De kaakspieren wurde aardich traind hjoed,’ sei R. de sportskoallehâlder.

In grutte keardel dy’t ik dêr wol faker sjoen en benammen heard hie, stie foar de spegel syn búkje te besjen.… Lês fierder

Henk van der Veer

Manderijntsje

logo.ensafh

Tussen geboarte en sterven leit ut leven. De enege sekerheid dy’t un mins bij syn geboarte het, is dat der oait un einde an syn òf har leven komt. Klisjé en nyt su’n bitsje ok. Mar omdat ut klisjé is, sit der ok un allemachtegste groate kern fan waarheid in.

Ut binne twee intieme gebeurtenissen, wêr’t noait hòrdes minsen bij anwesech binne. Teminsten at ut nyt om ekstremen gaat. Nà de geboarte en ut sterven is dat faak wel anders.

Bij un geboarte binne der talrike rituelen en gebrúken. In ut Frys ferskeen in 1984 ut boek met as titel ‘Om ’e wivedei hinne’, met as ondertitel kreambrûkmen yn ’e trije Fryslannen.… Lês fierder

Dirkje Brouwer

Leaf kattich: ja, it kin!

logo.ensafh

Kommer en kwel hat syn yntree dien. It is ús hûs ynslûpt. It wie hiel lyts. Sa lyts dat we it mei it bleate each net sjoen ha en no falle we by boskjes om. It hat him fêstset yn ús sellen en wol ús ûnderút helje. Earst kaam der pineholle. Hiel djip en ynkringend en dan no koarts. Gelokkich, koarts. Ik wie dêr bliid mei, want it like my goed ta, mar ik wie dochs te hjit en foel even flau op ‘e oerloop. Ik sleepte mysels nei ûnderen en gong mei in tekken op ‘e bank lizzen. Ik treau ek de ôfwaskmasine fol en fielde my in held.… Lês fierder

Jemke Visser

Sinteklaas

logo.ensafh

Yn de fjirde iuw brocht de biskop fan Myra (Turkije) trije fermoarde teologystudintsen út in pikeltonne wer ta libben. In misdiedige kastlein woe der lekkere fleispasteitsjes fan meitsje.
By in earme heit dy’t foar gjin fan syn trije dochters in breidsskat betelje koe, waard trije kear yn ’e nacht troch in finster in pûdsje mei jild yn in skoech by de hurd goaid.
Sint Nicolaas, Sinteklaas op syn Frysk, ferhuze mei in moarske húsfeint en in skimmel nei Spanje. Ien kear yn ’t jier, op fiif desimber komt er ek yn Nederlân.
De reis per stoomboat is mei heimsinnigens omklaaid, spannend en fol ferwachting.… Lês fierder

Henk Nijp

Kerweike

logo.ensafh

‘Ja, eh, dat kin ik jo sa echt net sizze, it liket my it bêste dat jo even mei dat dinkje hjirhinne komme.’
Dat sei de winkelmeiwurker oan ’e oare kant fan ’e line. No, dat hie ik net yn ‘e holle fansels, it reinde dat it wat die, it like my op fleanen. Trouwens, se sei dat net yn it Frysk mar yn it Hollânsk en mei in dúdlike Ljouwerter tongfal, it foel noch ta dat in net yn it Ingelsk wie, dat hearre wy tsjintwurdich ek wol gauris yn ’e trochsneed winkel.
Ik wie yn petear mei in personielslid fan in boumerk.… Lês fierder

Giny Bastiaans

In drekskriuwer op fb

logo.ensafh

De man oan de oare kant fan it paad yn de trein die my oan ien tinken. Syn lûde stim lei in daam yn myn holle. Ik koe der net by komme wa’t dit ek al wer wie. Dat steile hier, rjocht oerein, dy wat skeane noas. Dy grutte earen. Dat opheljen fan syn noas mei dat snúfke.

It wie in boaze man. Dat fûn ik eins net by him passen. Gjin idee wêrom’t ik dat fûn. Lykas elkenien hie er it oer de polityk en miende er te witten hoe’t it siet. En noch slimmer, dat er it by it rjochte ein hie.… Lês fierder