No’t myn boek ôf is, wachtsje ik. Sa’n boek is eins nea klear, hear. Mar ik kin der no neat mear oan feroarje, dat hat de drukker sein, dat it is wol definityf. Ik kin neat mear dwaan, ik wachtsje.
No wit ik dochs al net sa goed mear wat ik dwaan moat. It is in soartemint lockdown, in boek ôf hawwe.
Mei’t it winter wurden is, kin ik de kroan op ’e tsjerke wer sjen. It is sels slimmer as earst, doe’t der noch in beam foar myn hûs stie. Dêr is fan ‘t jier de bliksem ynslein, yn in nacht dat ik sels net thús wie, mar op Tessel.… Lês fierder