In tút, derút en dêr stapt se hinne, de frou fan krekt santich dy’t al de helte fan har jierren mei my troch it libben giet. Yn in fynreade reinjas rint se monter oer it parkeardek nei har earste faksinaasje. Kapusjon oer de holle en har papieren yn ’e hân. It docht my wat om har sa rinnen te sjen. Soks ha ik tsjintwurdich hieltyd faker, samar in ûntroering mei in oanslach yn ’e eagen. Graach smyt ik it op de jierren, mar it kin ek myn muzyk wêze út it USB stickje. I’m sittin’ in the railway station, got a ticket to my destination… homeward bound.… Lês fierder