Anne Feddema

It kollumkokentsje fan Feddema

logo.ensafh

Wat wol der Feddema? Wat fynt er leuk? Tja, no…LEUK is foar my in té hjoeddeistige-útkôge-kaugom-gebrûks-gearfetting. It libben fan no is ien oanhâldend audiofisueel bombardemint fan ’e meast útienrinnende saken. Meitsje dêr noch mar ris, as in gewoan, dimmen minske, in ferantwurde kar út. Wat kinne we dan wol sizze? Wat witte we oant no ta…Wát wit ík! Ik sil it jimme earlik fertelle: Ik bin gek op film…altyd al west. Eat dat my hieltyd wer yn it sin komt: Ik bin in jier as trije, fjouwer en ik gean my ús heit (pappe) nei de Ljouwerter bioskoop, op ’e drokke kant fan ’e Nijstêd.… Lês fierder

Lomme Schokker

De wurden net skriuwe

logo.ensafh

In flarde fan in ferhaal spûke my troch de holle. Ik koe der gjin wiis út wurde en woe grip ha op myn ûnmacht. Ik socht in skriuwer om yn eigen taal mei myn bylden om te gean, want sels koe ik de wurden net skriuwe. Yn it doarp wie nimmen mear fan de âlde skoalle. De earste fan ús mienskip, man fan gesach en ûnderfining, hy seach my kommen en stjoerde my fuort. Foar him wie ik inkeld ien mantsje út safolle. Hy wie my al fergetten doe’t ik my omdraaide.

Moatst yn it stedsje fierderop wêze, seine guon. Dêr sitte in tal wize mannen yn petear byinoar dy’t dy wol helpe sille.… Lês fierder

Henk Nijp

Húswarje

logo.ensafh

Ik wie let, it rûn al tsjin alven, ik hie noch gjin moarnsbrochje hân en der wie gjin bôle mear yn ‘e hûs. De sinne skynde folop en de bakker wie mar in eintsje rinnen dat wy koene der wol even om út. De wyn wie noch wol fris dat de jassen mochten wol goed ticht. Goed en wol bûten fleach der in plysjewein mei swaailjochten en sirene oan ús foarby. Mar dat bart wol gauris yn dizze stêd en nimmen sjocht der noch fan op. Even fierder, op de Vleutenseweg, hearde N. as earste fan ús in helikopter en hja socht tusken de wite wolkjes nei wêr’t it lûd weikaam.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Wopke, Thierry, en Michel Vaillant

logo.ensafh

Ik wie bliid dat ik siet. Lekker waarm yn de foarste kûpee. Krantsje mei. Oant Swolle ta koe ik my moai deljaan en wer wat opdrûgje. Huh, wat in waar!

It wie as altiten drok yn ’e trein en njonken my struts in soerstâlrôze jas del. Mei in swiet luchtsje der oerhinne. Moast sy witte.

Ik begûn oan it stik op de foarside. Grutte foto fan Wopke Hoekstra derby.

De trein sette sok en fan rjochts kaam in lange wiisfinger mei in rôze neil dy’t de foto fan de minister op ’e krante oantikke. ‘Fine jo dat ek sa’n áárdige man, dy minister Wopke Hoekstra?’… Lês fierder

Henk Nijp

Sifers

logo.ensafh

Somtiden is it al oan de ‘deadline’ ta en hat him noch hieltyd net in gaadlik ûnderwerp foar in kollum oantsjinne. En dan moat der dochs wat komme…
It waar soe kinne en dan yn ferbân mei de feroaringen fan it klimaat. De kommende apokalyps, de bedrige natuer, de ûndergong fan de planeet. Mar ik fûn de simmer fan ferline jier, as ik hiel earlik bin, wol lekker. En mei in febrewarismoanne as fan dit jier, mei de krookjes sawat fjouwer wike earder yn bloei, hâld ik it derop dat it no deselde kant wer op giet. Neffens de statistyk sil dat wol net kinne en it sil ek wol net sa net hearre, mar my silst der net oer hearre.… Lês fierder

Anne Feddema

Wêrom skriuwe?

logo.ensafh

Doe skuorde de hegepryster syn klean stikken en sei: ‘Hy hat God belastere. Wat moatte wy noch mei mear tsjûgen? Jimme hawwe de godslastering sels heard. Wat tinkt jimme?’ Hja antwurden: ‘De dea skuldich.’ Doe spuiden se Him yn it gesicht en sloegen Him mei de fûsten, oaren ek mei kneppels, en se seinen: ‘Sis ús ris, profeet Kristus, wa is it dy’t Jo slein hat?’

Sokssawat is myn skriuwerskip begûn en dan in bytsje oars fansels. Sa wie it dekôr net it Sanhedrin út it Nije Testamint, mar in kroech, de Wynkúp, doe, jierren tachtich fan ’e foarige ieu, te finen yn ’e Doelesteech yn Ljouwert.… Lês fierder

Lomme Schokker

Ferburgen boeken

logo.ensafh

De Jong wie in learaar maatskippijlear dy’t by ús yn it doarp wenne. Ien fan syn soannen wie fan myn leeftyd, dat ik kaam der wol ris oer de flier. Ik moat ús mem doe ferteld hawwe hoe’t ik ûnder de yndruk wie fan dy wenkeamer grôtfol mei boeken. Boeken oeral yn it rûn, tsjin alle muorren boeken, fan de flier oant it plafond ta. Wat it plaatsje folslein makke wie in fersliten learen earmstoel yn de hoeke ûnder in steande skimerlampe, it bysettafeltsje mei de boeken dêr’t er mei dwaande wie en in twadde, lytser en leger tafeltsje mei foar de greep de kofje, de buorrel en it jiskebakje.… Lês fierder