Henk Nijp

Jûn op nivo

logo.ensafh

Ithaka en Flow, dat wiene de earste wurden dy’t ik tsjinkaam doe’t ik út ’e auto stapte op ’e Westersingel. Grif gjin tafal, tocht ik, it kin wolris in moaie jûn wurde. It wiene de nammen fan in pear boaten dy’t dêr foar de wâl leine om te oernachtsjen.
In pear hûndert meter fierderop en sa’n fyftich treden heger sieten de measte taskôgers al klear. It wie op de earste ferdjipping fan ’e Aldehou, dêr’t de sechsde of miskien wol sânde Sint Vitus-poëzijjûn, eins in pear dagen te betiid, plakhawwe soe. Presintator Melvin van Eldik wie de tel njonkenlytsen wat kwytrekke.… Lês fierder

Lomme Schokker

De boogywoogy fan in lesjouwer

logo.ensafh

Jan J. Bylsma, learaar Nederlânsk fan profesje en skriuwer fan rym en ûnrym yn eigen tiid, seach op moandeitemiddei 27 septimber fan it jier 1971 om kertier foar trijen, de sânentweintich switterige learlingen fan klasse H4b foar syn lêste les fan de dei net botte entûsjast mei folút beskreaune pukkels oer it skouder syn lokaal ynskeuveljen. Hy frege him ôf wat er mei dy kliemske kliber fan midsmjittigens, dat ûngeregeld soadsje fan skruten MULO-trochstreamers en sjeesd HBS-potinsjeel, yn ’e goedichheid oan moast.

It leafst joech er, as er yn sa’n stiifkoppige moandeitemiddeistimming wie as hjoed, nei in wykein boogywoogyen yn Amsterdam of nei in nachtlang petearjen oant yn it ûneinige op ien of oar ferwaaid, spjuntich, klaaiker buorskip mei Gerard, Douwe, Trinus of Ype, in ûnferwachte skriftlike oerhearring om dûm fan alle kuldigens fan it gedonder ôf te wêzen en om syn stjerrende kater tiid te jaan te deformearjen, mar sokssawat hied er ferline wike ek al dien en sa maklik mocht er nei eigen konsjinsje fansels net alle wiken it jild fertsjinje.… Lês fierder

Greet Andringa

De lytse seemearminne revisited

logo.ensafh

Ik blêde niis eefkes troch Libben Reach. It is alwer tsien jier lyn dat ik guon minsken knap de betizing ynjage ha mei dat boek. En mysels blykber ek, want ek al is it myn eigen famyljeskiednis yn kryptogramstyl, elk haadstik begjinnend mei in mearkesfragmint, it ferhaal dat it measte seit oer myn eigen libben wie der net by.

It wie De lytse seemearminne dy’t myn skriuwerij al as hiel lyts famke oanwakkere hat. Ik fûn it sá begrutlik dat dat leave mearmintsje én har sturt én har stimme ynlevere hie en dat se noch altyd net krige dêr’t se sa’n ferskuorrend ferlet fan hie: de waarme en beskermjende earms fan de prins dy’t se it libben rêden hie.… Lês fierder

Willem Winters

Pyreneeën: Céret

logo.ensafh

In jier as fyftjin tebek kamen wy foar it earst yn de Pyreneeën. Anneke hie in Punto hierd op deselde dei dat se har rydbewiis helle en wy soene daliks mar nei Spanje. Dan moatst oer de Pyreneeën. Wylst wy gjin sprút ûnderfining mei de Pyreneeën hiene. Ja, dy mollebult yn It Wâld by It Hearrenfean neamden wy it Wâldsterberchje. In like hege berch lei yn Aldskoat, dat wie it Skoatterberchje, dêr’t myn pake en beppe tsjinoer wennen. Tocht ik oan bergen, dan wiene dat myn referinsjes.

Wy stiene oan de foet fan de Pyreneeën, heech man!
Wy bestudearren de kaarten en krigen al gau yn ’e gaten dat der – ek yn Spanje – wegen fan ferskillende kwaliteit wiene.… Lês fierder

Henk Nijp

De beammen en it bosk

logo.ensafh

We komme moai op gleed. Dat mocht ek wol want wy binne al sawat healwei it jier. It waar wierret ek noch aardich mei en de fonteinen binne der klear foar. Op ien nei dan, mar Dokkum sil ek wol kletterje foar de ein fan it jier. Trouwens, de damp om de ‘Plensa-kopkes’ yn Ljouwert ha ik ek noch net meimakke. Komt grif ek goed… Projektdirektrise Tilroe fynt dat de fonteinen mei-inoar in feest wêze moatte en dat is út soarte goed slagge, tinkt se sels. Se wie al hielendal út ’e skroeven by it delsetten fan de spuiters, begjin dizze moanne.… Lês fierder

Lomme Schokker

It nijs dat ta ús komt

logo.ensafh

Betinking autobomoanslach Malta
De auto dêr’t de Malteeske sjoernalist Daphne Caruana yn ried doe’t se troch de bomoanslach op 16 oktober 2017 de loft yn fleach, wie in Peugeot 108, type Access, boujier 2014, yn folsleine útrissing en ekstra mei aluminium felgen. De Pan-Europeeske Peugeot 108 Fanklup sil dêrom dit jier yn Malta op 16 oktober in optocht hâlde ta de neitins fan de oanslach. Opjefte is mooglik by de Fryske ôfdieling, Blokhúsplein 40, Ljouwert. De aksje wurdt sponsore troch Semtex, in brûksume oplossing fan al jo smoarge wask. Ko-sponsor: de Nederlânske Federaasje fan Autosjoernalisten. Stap yn de wrâld fan de sjoernalist, gjin dei itselde!… Lês fierder

Giny Bastiaans

Oerlibje

logo.ensafh

Earder soe ik in net mis te fersteane flok knetterje.
Mar lykas it laitsjen, hie ik it flokken ek fergetten.
Wat foel der fierder noch te flokken, as inkeld om dat iene?
It alderslimste wie al bard. In pear wike lyn.

It rút neist my stie iepen. Yn ús auto. Myn auto. It woe net mear ticht.
Neat holp. Drukke net, lûke net. Alle ruten iepen. Alle ruten ticht. Skoppe. Slaan. Wêrom ha dy stomme auto’s tsjintwurdich net mear sa’n slingerke? Dat je it rút gewoan tichtdraaie kinne?
Boekje derby. 861 siden. Duh.
Earst mar nei hûs. Frekte kâld yn ’e auto.… Lês fierder