Koosje Melis

Bang

logo.ensafh

Swittend wurd ik wekker. Krekt lei der fjoerwurk op de grûn dat elk momint ûntploffe koe en ik woe my omdraaie en fuortrinne, hurd hurd, mar dat slagge net en ik wachte ferstive ôf wat der barre soe. It hert kloppet my yn de kiel. Wat bin ik toch in sneue bangeskiter.
Myn libben wurdt foar in grutter part as ik wol dominearre troch eangsten. Ik woe dat it oarsom wie, dat ik de eangsten yn it libben de baas wie, net allinnich myn eigen, mar ek dy fan myn meiminske. Ik ha de saken graach ûnder kontrôle en hâld net fan ûnferwachte grappen, lykas fjoerwurk, tongerjen, it knallen fan in ballon of it blaffen fan in hûn.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Jep Jup

logo.ensafh

Genesis Abbekatekantoar, de nije roman fan Sjieuwe Borger, is it ferhaal fan de jup Sybren Brouwer. It ferhaal is ek in byld fan in minsketype dat op it heden in protte omtinken kriget yn boeken en films en dat karakterisearre wurdt troch syn wurkneuroaze, syn latinte drank- en drugsferslaving en útinoar spattende relaasje. Fansels binne dat ek universele minsklike problemen.
Mar yn âldere ‘gewoane’ romans en ferhalen (nim it measte wurk út de KFFB) waarden minsken beskreaun dy’t har maklik skikten nei de kristlike moraal, de seksuele moraal en it mienskipslibben. Sokke minsken besteane noch altiten, mar se wurde hieltyd minder as ideaal en hieltyd minder as realiteit opfierd in romans.… Lês fierder

Bert Bakker

Ien mei de dingen

logo.ensafh

Wicher de Wilde wenne op sângrûn. Dat wie mar goed ek. Stevige boaiem. Syn húske bestie út ien skoarstien dêr’t peallen tsjinoan setten wiene as in wigwam. Der wiene wylgetakken omhinne flochten en doe wie it ôfdutsen mei plaggen. It hie ien yngong, ien finster op it westen, ien kachel, ien tafel, ien stoel, ien bêd en altyd ien flesse âlde jenever foar de greep. Wicher wie der gelokkich mei en mear hie er net nedich. Hy wie ien mei de dingen.
Ik koe de Wilde fan de poelier. Ast dêr efterom giest, koest dyn wyld kwyt. Wicher kaam mei hazzen en fasanten.… Lês fierder

Skermer

Blomskermen

logo.ensafh

It is it jier fan ’e blomskermen. Net de blomskermen dêr’t de natuer mei rêdt. Der binne safolle skermblommigen yn ’e wrâld dat se nea apart omtinken krije sille. Op de reade list fan bedrige planten sille oars grif skermblommigen stean. Is it jier fan ien spesjale skermblom mooglik, sa as it jier fan ien spesjale fûgel, de bedrige skries? Ja, safier soe it komme kinne as in pear jier achterinoar ús bermen maaitiidsdeis net mear sierd wêze soene mei de wite blomskermen fan it piipkrûd. It jier fan it piipkrûd. Ik soe dêr oars no ek wol foar wêze, mar dan as jier fan it gewoane, dêr’t it piipkrûd symboal foar stiet.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 115

logo.ensafh

Foaropwurd 115

fan freed 9 maaie 2008

In nije Farsk.

‘Wat een Fries beweegt’ hyt it ferhaal dat Hidde Boersma bydraacht. Yn in mailwiksel mei de redaksje dielde er mei: ‘De gearhing fan it ferhaal sit ’m yn ’e doelleaze kolleksje fan barrens op in ûnbelangrike dei, sokken meie der ek weze, hie ’k tocht!’
Op dizze Farsk debutearret Aafke Koster koart mar krêftich mei it gedicht ‘Skynsel’.
Andries Miedema giet troch mei it oersetten fan poëzy fan Rainer Maria Rilke: ‘Inkeld nei is ’t ynderlik en fier al ’t oare.’
It is prachtich waar, de sinne skynt. Hoe kin it oars, Skermer typt gau de wurden ‘sinneskerm’ en ‘sinneskermen’ yn.… Lês fierder