Op 12 septimber langlêsten waard op ’e jiergearkomste fan de Fryske Akademy it earste eksimplaar fan de Fryske oersetting fan de Divina Commedia fan Dante útrikt oan de hear Silvio Marchettei, de Kultureel Attasjee fan Italië en directeur van het Italiaans Cultureel Instituut yn Nederlân. Hy krige it boek út hannen fan de oersetter, Piter Wibertus Brouwer fan Rotterdam.
It boek is útjûn troch de stichting Elektroanyske Letteren Fryslân (ELF).
By gelegenheid fan ’e oanbieding hâlde útjouwer en letterkundige Eric Hoekstra in ynlieding dy’t hjirûnder in syn gehiel opnommen is.
Dante yn it Frysk
ofwol
It belang fan oersettingen foar Europa
(By de oanbieding fan de oersetting oan Prof.… Lês fierder
