Jouke Hylkema

Moat kinne

logo.ensafh

Fan ’e moarn om in oer as sân bin ik op wei gien út it hotel yn Nairobi. It is no fiif oeren letter. Ik ryd mei in gonkje as sechtich oer it hite asfalt fan ’e A 109 rjochting Mombassa, sawat de iennichste knappe asfaltdyk yn Kenia, it wurdt sels in ‘highway’ neamd. In waarme loftstream komt troch it iepensteande rútsje fan ’e jeep en mingt him mei it hege lûd fan in gitaar dat út ’e autoradio komt. It readbrún en griengiel fan ’e wyldernis sûzet stadich foarby op it ritme fan ’e bengamuzyk.
Op it stuit fan dizze twadde alinea bin ik sawat op hichte fan ’e ôfslach Mariwenjyi.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 121

logo.ensafh

Wy moatte ús ferûntskuldigje foar in skavankje oan ’e foarige ôflevering. Yn ‘e ynhâldsopjefte stie ‘Waatze Gribberts Brulloft 1’. By oanklikken ferskynde de tekst lykwols net. De technyske flater koe doe net mear ferholpen wurde. mar op dizze edysje pleatse wy de earste ôflevering fan de troch Eric Hoekstra fan kommentaar foarsjoene, nei it Frysk fan hjoeddedei ta omstavere Midsieuske toanieltekst dêrom op ‘en nij. Nei dizze ôfleverinf folgje noch njoggen. Fermeitsje jo der de kommend moannen mei.

Anne Feddema syn dichtier streamt ek wer: ‘Mao, hoe giet it mei jo?’

Skermer lit set ljocht op Poetinlân.

Jouke Hylkema is yn it ferhaal ‘Moat kinne’op ’e kletter, hielendal yn Kenia, ûnderweis as er is nei B.… Lês fierder

Liwwarder Poëzie Avond op 25 septimber in De Bres

logo.ensafh

Op donderdagavond 25 september 2008 wordt weer een Liwwarder Poëzie Avond gehouden in De Bres (achter De Harmonie).

– Aanvang: 20.00 uur
– Entree: 5 euro.

Er is zoals gebruikelijk gekozen voor een gevarieerd programma met dichters, die niet alleen mooie gedichten schrijven, maar ook hun werk op opvallende en enthousiaste wijze kunnen voordragen.
Anne Büdgen uit Den Haag debuteerde in 2007 bij de Arbeiderspers met ‘Ze hapte van een tomaat’ gedichten met een stevige bite en een nu en dan bittere kern;
Ruurdtsje de Haan út Boerum dichtet yn it Frysk en wûn in 2003 de Dunya Poëzypriis fan it multikulturele festival fan Rotterdam en in 2005 de Fedde Schurerpublykspriis; Ate Grijpstra út Bûtenpost, dosint Ingelsk op in middelbare skoalle, siket oanslúting by de poëtyske tradysje, mar giet in eksperiment net út de wei; Sieger M.Lês fierder

Presintaasje ferhalebondel In Jikse-libben fan Janneke Spoelstra, snein 21 septimber

logo.ensafh

Presintaasje fan de ferhalebondel In Jikse-libben fan Janneke Spoelstra

Wannear: snein 21 septimber fan 14.00-16.00 oere.

Wêr: Eetcafé De Molen, Vrouwbuurtstermolen 2, Froubuorren/Vrouwenparochie.

It earste eksimplaar sil oanbean wurde oan mefr. Nettie Groeneveld, direkteur Anna Blamanhûs.

Presintaasje: Sito Wijngaarden
Muzyk:
Herman Peenstra
Mei bydragen fan: Nettie Groeneveld, Doeke Sijens en Janneke Spoelstra

Eltsenien is fan herte wolkom. Graach trochjaan oan i.heddema@afuk.nl , leafst foar 18 septimber, ast fan doel bist te kommen en mei hoefolle persoanen.

Oer de ferhalebondel:
Jiks is in jongesachtich famke dat opgroeit yn de lytse mienskip fan
Swaard. Se komt der stadichoan achter dat se is wat de wrâld lesbysk
neamt.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Waatze Gribberts brulloft (1)

logo.ensafh

1

Persoanlike noat (Subjektive ynlieding)

O eal hear fan smachtsjende Lêzers en Leafhawwers fan 17e ieuske Fryske literatuer – ha ik sa myn manmachtige doelgroep net moai krekt omskreaun?

Ja, de simmer is oer syn langste dei hinne, de moanne hat fol west en yn it skûlliif fan ‘e natuer ripet it sie fan fruit en nôt. Alsa begjint ek Midfrysk Goud wer te rypjen en frucht te setten, ear’t de fruchtberheidsprins anneks gelearde wer offere wurde sil oan de dea, en yn ‘e winter ta de ûnderwrâld ôfsakje sil, om pas yn ‘e maitiid wer nij libben ynblaasd te krijen fan ús leave Frouwe Natuer.… Lês fierder