Rieuwert Krol

In literatuer sûnder ein

logo.ensafh

By útjouwerij Venus binne twa moaie bondels ferskynd. Hoe binne de helten fallen en De kul oer it skouder. De earste giet oer de affêre Bauke de Jong en de twadde oer Quatrebras as nij tydskrift.

De skiednis fan de resepsje fan literatuer kinst hiel goed sjen litte oan ’e hân fan de kritiken sels. Kinst ek better sjen hoe’t dy grutte skriuwers eins tochten en foaral skreaunen oer nije ferskynsels. Faak docht dan spitichgenoch bliken dat de tinkkrêft fan de âlde skriuwers benêfter bliuwt.

Yn 1965 hat Bauke de Jong syn ferneamde artikel skreaun dêr’t er Folkertsma as antysemyt yn ûntmaskere of beskreaun hat.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Anty- faksistysk gebakje

logo.ensafh

‘Hawwe jo dit makke?’ frege de Dútser oan de skilder.
‘Nee jo dochs…!?’ kaam it der suver feninich út.
‘Haw ik wat…? Haw ik dat makke…?’ frege de man ferheard.
‘Ja, jo en jo brúnhimdige kollega’s!’
‘Hoe sa brúnhimdich…? It stiet dochs kreas sa’n boesgroentsje? Ik bin trouwens ek mar gewoan útfierder fan wat my opdroegen wurdt!’
‘Alle fassisten neame harsels útfierder…lykas dat de measte politisy tinke de miening fan harren folk te fertsjintwurdigjen, it giet harren hast altyd om it eigen hachje, it draait faak út op ’e loop fan in gewear…bommen goaie op minsken dy’t harren just frijmeitsje wolle fan… lokaal machtsmisbrûk bygelyks!’… Lês fierder

Ynhâld 120

logo.ensafh

Foaropwurd

Poëzij

Fraachpetear foar De Dokkumer
Teije Idzardi

It alder-alderste
Hiltsje Jongsma

Proaza

Kollum

Dêr giet it om
Skermer

Dokkertje mei Eeltsje-om

Jelma Knol

Ferhalen

Anty-faksistysk gebakje
Jouke Hylkema

De klap
Henk Wolf

Besprek
Literatuer sûnder ein
Rieuwert Krol
(besprek oer De helten binne fallen en De kul oer it skouder beide besoarge troch Tr. Riemersma)

Midfrysk Goud iii

Waatze Gribberts Brulloft (1)
Eric Hoekstra (besoarging, omstavering en kommentaar)… Lês fierder

Skermer

Dêr giet it om

logo.ensafh

‘Mei dwaande te wêzen kin men gjin master fan ’e wrâld wurde.’ It stiet yn de Tau Teh Tsjing fan Lau-Tze.

Henry D. Thoreau skreau yn ‘Walden’: ‘Ik hald fan in brede boartersromte yn myn libben. Soms sit ik op in simmermoarn, nei’t ik earst in bad nommen ha, fan it opkkommen fan ’e sinne oant de middei yn myn sinnige doarsgat, ferdjippe yn dreamerij, yn fredige , mids sumaks en dinne- en nutebeammen wylst de fûgels om my hinne songen of stil troch it hûs fleagen … Ik woeks op sokke mominten as maïs yn ’e nacht, en se wiene folle better as watfoar hânwurk dan ek west hawwe soe.… Lês fierder

Hiltsje Jongsma

It alder-alderste

logo.ensafh

Ik hie dy dea oankrûpe wold
mar do wiest net mear om oan te sjen

– hieltyd dy wiuwende hân efter glês –

út ’en treuren haw ik doe
dyn lêste spoaren omheine
wa’t mar woe myn laits skonken
myn rie te ’n ein
fingerprinten mei sellotape fêstset
lookalikes wezenleas oanstoarre

oant it sykjen ferpopke
ik mem waard
en dyn namme wer libben

der wie gjin hâlden mear oan
kleefkrêft keldere dramatysk

total loss
bruts ik it finster.… Lês fierder

Henk Wolf

De klap

logo.ensafh

Yn ‘e keuken gûlde mem. Meike kaam oerein. Se moest der mar efkes hinne. De Barbies hie se doch gjin nocht mear oan. Se krige dy stomme fuotten der mar net rjocht ûnder. En dy domme troelen seagen har dan ek noch sa ûnnoazel oan. Altyd mar gnize. Se woe gjin Barbies mear. Eins fûn Meike harsels al wat te grut wurden foar Barbies. Se wie in grut famke, dat har memmy treaste soe.
‘Net gûle, memmy,’ sei se. Se streake mem sêft oer de rêch. Doe gong de doar iepen. Dêr stie heit. Hy seach mem en Meike efkes oan.… Lês fierder