Beart Oosterhaven

Prima teksten, en meastal de goede toan

logo.ensafh

It moaie fan platesaak King Kong Records te Ljouwert (Foarstreek 11), is dat yn ’e euro-bakken by de yngong ek geregeldwei, as lokkerkes, de moaiste lp’s (want dy binne al wer in skoft hartstikke hip!) en cd’s te finen binne. Sa trof ik dêr okkerdeis de noch mar krektlyn ferskynde cd Wytfear fan Grytsje Kingma út Sint Jânsgea yn oan.
Wytfear is de opfolger fan Kingma har debút-cd Wjerlûd út 2010. Lietteksten fan dy twa skiven steane behalve yn ’e kreas fersoarge cd-boekjes ek yn har bondel Tûzen dagen, dy’t yn oktober 2011 útkommen is.

Teksten
Op ’e cd Wytfear binne 14 nûmers te hearren.… Lês fierder

Aggie van der Meer

Twadde snein fan de advint

logo.ensafh

De sneinen dêr’t Aggie Van der Meer in gedicht út foarlêst, sil op 2 desimber útkomme. De bondel bestiet út 52 gedichten. Oer alle sneinen ien. Oer it ûntstean fan de gedichten seit de skriuwster: ‘Ik rin dan de dyk út, prakkesearje fan alles byelkoar, sjoch wêr’t se yn tsjerke mei op ferhaal besykje te kommen en ferwurkje dat deryn as it ferrassend genôch moai by de prakkesaasjes oanslút.’
Earne yn de iere maitiid fan 2013 sil nei oanlieding fan de bondel hooplik in muzykteaterstik presintearre wurde.

Klik hjir foar de tekst yn pdf
Klik hjir foar de foardracht… Lês fierder

Willem Winters, Anneke van Renssen

De hûneman fan Noardburgum / Bisteboel

logo.ensafh

Syn twadde boek is der no dochs (no dogs?). Ik haw it oer Evert Jan Terburg, dy’t sa’n heale ieu ferlyn Amsterdam ferliet en him op ’e Falom fêstige. Al fuortdaliks wienen it bisten en nochris bisten op it hiem. In herder, in Eskimohûn, in poalhûn, in tekkel, parkiten, tropyske gaaien, hinnen, in foks, in pappegaai, poelepetaten, slangen, katten en op de keap ta rotten. Dy poalhûnen wienen wyld en sterk. In buorman, dy’t ek sokke meunsters hie, spande se foar in Messerschmidt. Drave!
It hiem wie al gau te lyts om mear bisten oan te tugen. Foar de hûnen makke er kennels, doe koenen der noch twa poalhûnen by.… Lês fierder

Syds Wiersma

Et lux perpetua

logo.ensafh

Op ’e kusten fan de Middelsee
stekke B., J., B. en W.
de toer út de beammen,
fingerje it hegere
gjin idee
wêr’t de himel syn kitel hat.

De loft allinnich al
is hjir sa godlik grut
dat God wurdt reed, kuilbult, jarrekolk,
molkrobot, do.

D. begrypt
dat soks as in sipel
noch it bêste antwurd is:

healwize mantra

hasto my skyl op skyl
it ljocht yn
keard.… Lês fierder

Daam de Vries

Bjusterbaarlik volk

logo.ensafh

‘It bestjoer wol op ôfstân bestjoere.’ /// Dat is in net te kontrolearjen útspraak mei’t notulisten absolute swijplicht hawwe.

‘Yn de fakatuere fan foarsitter wolle wy net elkenien hawwe. Wy sykje immen mei in fisy.’ /// Hokker fisy is net nei te gean.

‘It bestjoer hat fêststeld dat de direkteur yntern en ekstern bûtengewoan goed funksjonearret.’ /// Hy wie ek op de begraffenis fan syn folle oantroude nicht fan de kâlde kant. Dy waarmte die it bestjoer goed. /// ‘Dat de direkteur dêr as haadferantwurdlike foar de Fryske literatuer wie.’

‘It bestjoer is fan betinken dat de funksje fan direkteur de lêste jierren swierder wurden is.… Lês fierder

Mary Elizabeth Frye, Eric Hoekstra

Och stean net by myn grêf, rou net / Do not stand at my grave and weep

logo.ensafh

 

Oer de ferfrysking fan ‘Do not stand at my grave and weep’

Mary Elizabeth Frye (Dayton, 13 November, 1905 – Baltimore 15 September 2004) wie in húsfrou dy’t in gedicht skreau dat in ‘bestseller’ waard by roubetinkingen. It gedicht ‘Do not stand at my grave and weep’ waard skreaun yn 1932.
It wie net bekend wa’t it gedicht skreaun hie. Pas yn ’e jierren njoggentich makke Frye bekend dat hja it gedicht skreaun hie. Abigail Van Buren toande oan dat soks yndie it gefal west hie.
Har gedicht waard ek brûkt yn 2011 yn Noarwegen by in betinking fan de slachtoffers fan de moardpartij dêr’t Anders Breivik skuldich oan wie.… Lês fierder

Maribel Garcia, Jacobus Q. Smink

Horizon / Einder

logo.ensafh

Horizon

Zonsondergangen die vergaan raken
in de stilte van dagen, waarin ik
niet te vinden was.
Nergens een horizon te verkennen.
Nergens een plek waar ik de hoogte
van de zon kan contempleren.

Maar de tijd roept me en ik moet
Gaan. Daar ergens zijn er nog
bronnen. Soms een brandende kaars
op mijn nachtkastje. En ik daar, met
mijn ogen open tot mijn dromen me
vervoeren naar een andere tijd.

De nacht is zacht en ik word omarmd
door m’n lakens. Ik lig fijn, maar
mijn dromen nemen soms wendingen
van angst. Nachtmerries die me doen
zweten. Terwijl ik soms zucht en
verbaal noch actief kan zijn.… Lês fierder