De spychologen hawwe okkerjiers by my fêststeld dat ik licht autistysk bin. Dêr kin ik goed ynkomme want ik rikje as in skoarstien en soks moat dochs earne fan komme.
Lês fierder by Daam… Lês fierder
De spychologen hawwe okkerjiers by my fêststeld dat ik licht autistysk bin. Dêr kin ik goed ynkomme want ik rikje as in skoarstien en soks moat dochs earne fan komme.
Lês fierder by Daam… Lês fierder
Priiswinners 2014
Fers
‘Wat opdage’ – Marije Roorda
Ferhalen
‘Flinteraikes’ – Lida Dykstra
‘Oer wurd en dea’ – Simen de Jong
‘Animaasjeknyn’ – Geert Nauta
‘Nea besite’ – Forina van der Zee
Sjuery
Ulke Brolsma, Marga Claus en Edwin de Groot (foarsitter).
Ynstjoeringen
14 fersen, 13 ferhalen
Prizejild
fers €200, ferhaal €800, blyk fan wurdearring €100
Priisútrikking
sneon 20 septimber 2014, tsjerke fan Bears
Junior Rely
Poëzij
1ste priis ‘Jo’ – Roelof Kooistra, Kûbaard
2de priis ‘Myn earste tút’ – Ilse Duisterhout, Warkum
2de priis ‘Dreamen’ – Yvanka Visser, Boalsert
oanfiterpriis ‘De maitiid’ – Hester de Haan, Winsum
Proaza
1ste priis ‘Sinne’ – Berber Tiemersma, Frjentsjer
2de priis ‘Wyld’ – Anneke van der Werf, Kûbaard
oanfiterpriis ‘Seesiik’ – Jannita van der Veer, Winsum
Sjuery
Erica Bergema, Thys Wadman, Anneke Smid (jeugdsjuery)
Prizejild
yn totaal €500
Ynstjoeringen
krapoan 90 yn totaal
Priisútrikking
sneon 20 septimber 2014, tsjerke fan Bears… Lês fierder
Redaksjoneel
Guon hiene der earder west, mei of by oaren, koartby of jierren lyn. Guon wiene der foar it earst. De foardoar siet op ’t slot, mar we koene achterom. Of wie dat krekt de foarkant? It útsicht wie dêr rom. In wytfisk sloech mei de sturt op it wetter, toarnders flitsten tusken ielstikels troch. Der wiene steapelwolken, der wiene fleantúchstreken. In hoanskrobber mei flarderige wjokken sweefde oer de greiden. Guon kamen letter, guon kamen net. Der wie sinne en der wie skaad. Der wie praat en laitsjen. Yn ’e fierte skoden boatsjes foarby. Der wie in deade beam en iten en drinken.… Lês fierder
Foar it earst hat in advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis fiif leden (foarhinne wiene dat der hieltyd trije). Marga Waanders, boargemaster fan Dongeradiel, is oanwiisd as foarsitter. Hja is fan oplieding nearlandika, wurke yn it ûnderwiis foar’t se de polityk yngie, en wennet sûnt jierren yn Fryslân. De oare net-Fries yn de kommisje is Kester Freriks út Amsterdam, de yn Yndoneezje berne Nederlânske auteur dy’t û.o. skreaun hat oer Hölderlin, yndyske literatuer en fûgels.
Opmerklik is it grutte Dongeradielster oanpart yn dizze advyskommisje. Yvonne Dijkstra is hikke en tein yn Nes (D.) oan it Waad, en foar Doeke Sijens jildt itselde mar dan krekt súdliker te Hantum.… Lês fierder
By útjouwerij Palisse (Wijk aan Zee) is in nije roman útkaam: ‘It testamint fan Mr.Dr. K.’ fan Steven H.P. de Jong (ISBN: 978-90-821237-2-2, 194 siden). It is de 15e publikaasje yn boekfoarm fan dizze skriuwer, dy’t berne is yn 1935. Steven de Jong is bekend yn it fermidden fan Fryske literêre skriuwers en hat yn 1992 de Gysbert Japicx priis krigen foar syn roman ‘De Wuttelhaven del’.
Lês hjir fierder (pdf)
Yvonne Dijkstra, Kester Freriks, André Looijenga, Doeke Sijens en Marga Waanders foarmje de sjuery foar de Gysbert Japicxpriis foar Fryske Literatuer 2015. Se meie teset oer proaza út 2011 oant en mei 2014. De priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt. De iene kear foar proaza en de oare kear foar poëzij.
Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar hat de kar foar de sjuery foarlein oan Deputearre Steaten fan Fryslân. Dy binne akkoart mei de beneaming. Yn 2013 gie de Gysbert Japicxpriis nei Jacobus Q. Smink foar syn bondel Sondelfal.
Boarne: Omrop Fryslân… Lês fierder