In healjier lyn hie er al ris besocht om de bal op in tûke wize om my hinne te leppeljen en wist ik it noch tsjin te hâlden. No slagge myn pakesizzer Ytzen op de Panne fan Nijhoarne fuort al by de earste de bêste stappen om my te passearjen en in behindich doelpunt te skoaren. Hy traint der dan ek flink op.
“It giet hieltyd better, pake!”
Mar by my net! Ferline jier koe ik in potsje fuotbaljen mei him in healoere folhâlde, mar tsjintwurdich is dat op syn heechst in lyts kertierke. Nei fiif minuten freget dy pakesizzer al fan “Pake mar op goal, tink?”… Lês fierder