Ydwine van der Veen

Ald kammeraat

logo.ensafh

In kluzener wie er net, mar sûnt syn pensjonearring kaam Willem van Gelre wol minder bûten. Syn dochter hie sein dat er syn hoal útkomme moast. ‘Heit moat mear kontakt meitsje.’ It hoal wie de souderromte dêr’t syn buro stie. In frij tsjustere romte dy’t de hiele boppeferdjipping omfette fan de âlde gernierswente. Wat die er dêr de hiele dei? Strune op ynternet, e-mails beäntwurdzje, boeken lêze en krantsje. As syn dochter derop stie dat er him alle dagen in healoere te kuierjen sette, luts er in fiis gesicht. It flakke lân, de blauwe klaai, de hurde wyn, it stie Willem net oan.… Lês fierder

Henk Nijp

Hurdkoppen mei waarm bloed

logo.ensafh

Ut ’e skroeven wie direkteur Chris Kallens fan it FRI-ESM-USE-UM mei de YOU-2 Award. “It fielt krekt oft dizze priis in Oscar is,” sei er! Prachtich fansels dy ‘Global Fine Arts Award’ (GFAA). De winners waarden op 9 maart bekend makke op in grut gala yn New York. In grutske Kallens naam syn ‘Oscar’ yn ûntfangst mei as omsittend laach in nijsgjirrich selskip fan keunstpommeranten út alle wynstreken en kollega-direkteuren. Dêr boppe op it poadium hat er grif stikem even tocht: ‘Yes, Me-2!’ Nachts bleau it noch lang ûnrêstich yn ’e stêd. Mar wy witte no dat Kallens wol wat ha kin, want sa seit er yn de Ljouwerter Krante, hy hie de oare deis gjin kater.… Lês fierder

Tsead Bruinja

figuranten

logo.ensafh

doe wennen wy yn in úthoeke
oan ’e râne fan in oseaan

koenen it wurd hjerst net
klauden om mei tefolle goaden

ús lân wie like beferzen
as it rauwe fleis dat wy ieten

ús gewoanten en wetten
net minder kâld

no wenje we yn it each
fan de stoarm

oan ’e râne fan in feart
dêr’t in keppel frjemd folk
oerhinne komt

wy ha leard

ast dysels in bytsje fatsoenlik
en moedich

de annalen yn ha wolst

moatst dyn fijân grut meitsje
syn legers ûnearbiedich

en dreech te ferslaan

Skreaun by it ferskinen fan
Een meelijwekkend volk. Vreemden over
Friezen van de oudheid tot de kerstening.
Lês fierder

Marcel Plaatsman

It akwarium

logo.ensafh

Foar it Biermuseum fan Alkmar oer, dêr’t ik wurkje, is in akwarium.
Dat akwarium is eins in kantoar. Ik neam it sa, omdat it gebou oan alle siden ruten hat, sûnder gerdinen of eat oars dat de eagen tsjinhâldt. Yn it akwarium wurket in tal famkes fan itselde type: ljocht hier, lange skonken, hege hakken – dat se moatte wol oannaam wêze troch ien mei krekt dy foarkar, allinnich sjoch ik dêr nea in fint.
Dy wurket net yn syn akwarium, fansels.

Dy hege hakken falle in oar net sa gau op, mar sels bin ik der tink ik wol gefoelich foar, en ik ha dy skuon ek fan tichterby sjoen.… Lês fierder

Gerbrich de Jong

Op syk nei Fryske boeken foar learlingen fan 12-15 jier

logo.ensafh

Dosinten wolle harren learlingen graach oan it lêzen krije. Miskien omdat se der sels fan hâlde en de learlingen deselde lêswille gunne. Mar grif ek omdat lêzen geunstige effekten hat. Yn de Leesmonitor, in magazine fan Stichting Lezen, wurdt ferslach dien fan wittenskiplik ûndersyk nei de effekten fan lêzen. In greep út de ûndersyksresultaten yn de meast resinte Leesmonitor (2017): lêzen fergruttet de wurdskat fan bern en hat in geunstich effekt op de skoalprestaasjes (Duursma 2011; Notten 2012); learlingen dy’t in soad lêze skoare heger op yntelliginsjetesten en ha bettere kânsen op de arbeidsmerk (Buisman e.o. 2013; Ritchie, Bates en Plomin 2015).… Lês fierder

Lomme Schokker

nei de dea de dream

logo.ensafh

nei de dea de dream
by de fiifde stjerdei fan tsjêbbe hettinga

it requiem fan de yn tiid kremearre dagen
skriuwsto yn it fers ‘dream en dea’ -side 94 it faderpaard– dat slacht op verdi syn messa da requiem in oerweldigjende skepping dat hiel sêft begjint mei in skruten fersyk om ivige rêst en ljocht requiem aeternam dona eis mar dêrnei mei in enoarme tongerslach op de grutte tromme orkestraal bolderjend fuortset ûnder in dûbeld koar dat ús oerfalt mei de wurden dies irae dei fan lilkens de dei dat de wrâld ta jiske fergean sil de dei dat al ús foarbije dagen opbaarnd binne de dei datsto yn it oansjen fan de dea wachtsje moatst op it ûnûntkomber oardiel oer dyn ûnheil dat heil wurde moat dat fansels dizze muzikale doem
spûket ûngrypber yn de spylhoalen fan it oantinken
man do wiest noch in tweintiger doe’tst dit skreaust wat koesto doe witte fan besiking en ferflokking en fan de ûntsachlike djipten fan minsklik leed wylst ik gjin dichter op dy âldens pierewaaide yn earste leafde en fêste baan en noch fan dea noch fan verdi noch fan dy wist yn in tiidrek dat wy beiden besochten lyk as
tûzen-en-ien-bern allegearre út deselde berne
as besibben betiisd en fol naïvens mei hoarten en stjitten in takomst foarm te jaan do tichter nei dyn dichterskip en ik beropskarriejouwer fan profesje dy’t dwaande wie test-en-ûntest oaren in bestimde rjochting te jaan op ûnbestindige wurkpaden en hooplik
binne geasten nea grut wurden sa’t de minsken my meitsje wolle
want wat heit mem omke master by it jongfolk meitsje wolle is faaks it betterwittend tekoart yn harren sels en dat makket wêrom’t ik lytsboargermantsje keunstnertsjoenders as verdi hettinga bach shakespeare dante en safolle oaren nedich haw ja do ek tsjêbbe omdatsto yn myn eigen taal my in skimme fan in djipgong joust dy’t ik fan myn libbensdagen net omskriuwe kin sa as
it requiem fan de yn romte fergongen lytsens hat gjin fêste oere of spyltyd
man hjir beneamst ûnder dizze ûnierdsk moaie en bytiden swiere muzyk myn ûnbenulligens net as in deltrape neatichheid mar as in lytsens mei in kearn mei in eigen romte dy’t bliuwe sil hoe fergonklik ek ûnder de benearing fan it rex tremendae ûnder it labindige lachrymosa ûnder it heldere sanctus ûnder de himmelske agnus dei en
hieltyd stilder en langer wurdt it sûnder de romte te berikken fan wissens en wierheid
want ek dyn klankspul fan rym en ritme jout my fers en foarm oan de ferstilling en de ynlikens en it fertrouwen yn it lêste libera me in gebed troch verdi de agnost sa yntins ta libben brocht dat sels wy dy’t leauwe yn in los-fan-god bestean hast in dizich ferheard wêzen gewaarwurde mar do âlde rot nochteren fries rebelske jongen ferwaaid yn de greiden do silst noch fjirtich jier trochgean mei it omdichtsjen fan wissen en wierheid en dochs en dochs komst no op dyn fiifentweintichste al rekwiemearjend mei in
rêst sêft myn dream
want sels de wichtigste fan dyn dreamen moat ris rêste wylst nije dreamen alweroan opbuorrelje en sa hiesto dyn dreamen en ik hie mines en verdi syn requiem dat ús frij makket fan de dea en dat requiem jout ta dyn dea út nije djippere dreamen do witst it
ik wit it myn âlde nêst is leech
sykjend om it ljocht bisto laitsjend fierder flein
(dit requiem is de songen dream efter de dea)
en dyn dreamen waarden wurden en dyn wurden wurde dreamen –et lux perpetua luceat eis–… Lês fierder