In buertkafee op in lette sneintemoarn yn Ljouwert. Myn man, oerdeis kronykskriuwer fan Fryske fiten en nachts master fan it kroegekadaster -syn wurden, net mines-, skûlet ferlern en rûch om it kin yn in hoekje. Der sit net folle libben yn him, hy liket krekt sa ferslein as it flutsje bier yn syn steapelglês.
‘Ik bin skjin tenein, leave, sa wurch!’ Hy knypt in swart sjekje tusken de fingers út en sjocht my lamliddich oan. ‘Oerdeis gjin rêst en nachtenlang net sliepe, dy fleanende drokte, it iene nei it oare, al dy minsken en dat lûd! It fljocht my oan!’
‘Och jonge, noch mar in pear wike Kulturele Haadstêd fan Europa yn en it is dy nó al te folle?’… Lês fierder