Klaas Rusticus

Op dy hichte dêrjinsen

logo.ensafh

Simmerfakânsje 1958.

Vader, Moeder en ik wiene yn it hûs fan Omke Marmion en Muoike Alouette yn Avignon, in treftich doarp fan rike boeren en skipskapteins-mei-pensjoen op it noardlikste puntsje fan it lân.

Jo sjogge dêr alles. Jo kinne hjirre de trein mei jo eagen folgje as’t dy fan Usquert oer Uithuizen en Uithuizermeeden nei Roodeschool ta rydt. Hy fiket him in paad troch it frije, beamleaze lân, lykas in read potlead dêr’t jo in streek mei lûke by in lineaal lâns.

No binne Vader en Moeder werom nei Snits en ik bin hjir efterbleaun.
Ik mei de earste dagen net reizgje: te benaud.… Lês fierder

Gerrit de Vries

Begrypst my wol

logo.ensafh

 

mear as
myn petry-skaaltsje
myn siedferedelingsbedriuw

bisto myn steunhoas
as myn ieren spatte
ik mar wat omstroffelje
myn keunstgebit
ik moat dochs ite
myn fjoertoer
as ik it paad
bjuster bin

do bist myn batterijlader
myn dialyzefilter
myn pompstasjon

loegje op myn golle
hekkelje myn sleatswâl
ikkerje my
as myn fuorgen
oerrinne

begrypst my wol
of moat ik sizze
leafste… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Tryntsje van der Veer

logo.ensafh

“It moat net in gewoante of in obsesje wurde, mar ik kin eins net sûnder it skriuwen.”

Tryntsje van der Veer is yn 1960 berne yn Nijegea oan ’e Fluezen. Sûnt 2008 wennet se nei tritich jier om utens wer yn Fryslân. Se wurket as psychiater. Se die in tal skriuwkursussen yn Tresoar (lietteksten en dichtsjen) en hat dêrnei ferskate dichtbondels publisearre. Yn 2009 kaam Binnentún út, in bondel mei 49 haikû’s yn kombinaasje mei foto’s fan Ouke Kooistra en muzyk fan Rob du Jardin op cd. Yn 2010 wie sy gearstaller fan Oer it wetter op ’e weagen fan muzyk en poëzij.Lês fierder

Cornelis van der Wal

Kulturele masines

logo.ensafh

Jo sille faaks tinke, Cornelis as ynwenner fan de âlde Ljouwerter binnenstêd, dy sil dochs de feestlike iepening fan de Kulturele Haadstêd wol meimakke hawwe? Ik moat bekenne: ik haw der amper wat fan meikrigen. Al in lyts stikje fan de liveútstjoering sjoen, mar ik bin de keamer útrûn doe’t ik it safolste klisjee oer ‘de Friezen’ oanhearre moast.

It sleauwe 2018-lietsje ‘Seis oere thús’ fan Nynke Laverman en Sytze Pruiksma, dêr’t ik de tige bombastyske útfiering noch heal fan meikrige, is folslein ûngeskikt as ‘meisjongliet’ en it sentimintele klipke lit neat fan Kulturele Haadstêd Ljouwert sjen, it is allegearre greide.… Lês fierder

Jetze de Vries

Frou mei deade hoeke

logo.ensafh

do iepenest as in skutdoar
kom deryn, seist
mar de doar komt werom

sjoch in skaad
wat oer it dek beweecht
as in swarte flagge

it wetter siert
bist bewolke, twa
ienpersoanssekjes dobberje
dream tee

ik skôgje in skilderij – de klaai fan it gesicht
in trui sjongende boarsten

der falle wurden fan skrale takken
pak in pear fan ’e grûn
hâld se tsjin it rút

blaas sêft, fang noch in pear op
slok se ien foar ien yn
fertarjend ta in fers… Lês fierder

Lomme Schokker

Dêr dogge wy it foar

logo.ensafh

De pylderhillige sit sawat twa jier, njoggen moanne, tolve dagen, seis oeren en fjouwerentweintich minuten yn syn souderkeamer trijeheech-foar oan it Saailân op syn stien fan wizen te brieden mar it alles-ferhelderjend ynsjoch dat er sa begearet en dat inkeldris ferskynt as in ribbeltsje oan de sydkanten fan syn bewustwêzen, wie út de flecht wei sa sêft as in suchtsje.

Op de earste dei fan syn pensjonearring hat er bewust de wrâld fan it lytsminsklike ferlitten en him weromlutsen yn syn komfortsône fan in pear kwadraatmeter op it ienrutich souderke, fier fuort fan dy ferrotte mienskip fol kâlde en botte egoskrobbers, njirrige jildgnobbers, achterdehânhâlders, spoekbenaude deadwaners, kaffers en blaffers, keffers en bluffers, kribbekeurige kontkrûpers, bêdriddige liddichgongers, bedimjende mindwaanders, bitsige en hetsige poehawynders, moaiwaarsilers, lekskoaiers en lyntsjelûkers, de op de rêch skriuwende oerwurkútslovers, krinkjesspuiers, ôfsnutere kletslulders, plomkestrikers en pinnelikkers, liddige oerdriuwers, praatsjeferkeapers, beuzige boppedelsjenders, babbelers en rabbelers, stildeunske droechneukers, fodzjende ferlieders, flikfloaiers, rûchbûtsers, sjerpslikkers en rêchopstrikers, de swiertillers en de ûnheilsprofeten, de ûlewappers en de wittenskippers, de betterwitters, de keunstners en de fratsemakkers.… Lês fierder