… Lês fierder Andalusysk Wûnder

Foto Anne Feddema
Alle dagen wer:
Ferrifeljende ferrizenis
Trochrinnende foarstelling
Heil Jo ferhearde Heare
Yn tsjerke fan Antequera
Dêr’t it deade hout
Altyd grien west hat
Beam fol frucht
Rook fan sitrus
Ut krús
Ropt messiaansk
Gefoelen op ek
Al leau ik net
Bring my in
Blinenien
Ik sil sjen
Oft ik eat
Foar him of har
Betsjutte kin
En Nij Testamintysk
Op ’e eagen spuie
Hè toe ju dichter
Falske ferlosser
Dy’t amper weet hat
Fan dea en libben
Gau nei bûten
Yn Andalusysk ljocht
Sjoch tsjusternis yn
Dyn eigen bestean
Gean der mar op út
Bring de minske
Fleurich roubeklach.… Lês fierder
Kribels
‘De Week van de lentekriebels’ hat al wer west. Dus dêr gjin lêst mear fan? Fêst wol, dy ferdwine net samar. Flink kribelich waard ik trouwens wol fan alle gedoch der omhinne.
Foaral it gebalt fan Civitas Christiana, dy beweging fan inge behâldsuchtigen, mei harren benepen tinkwrâld. By wat se neffens harren ‘Zwartboek Lentekriebels’ fine giet de grize je oer de grouwe.
De Rutgers-stichting hat se foar de rjochter dage op beskuldiging fan kwealaster en leagens. Fan sok folk krije je yndied de kribels!
Net foar niks binne se yn goed selskip fan Trump, Poetin, Netanyahu, Orbán en Wilders … Soene dy wolris ‘lentekriebels’ hawwe?… Lês fierder
In pilske yn Stralsund
Ik moat de lêste wike gauris weromtinke oan de tiid dat yn Berlyn ‘de muorre’ foel. Doe wie der in hiel oare sfear yn it lân as no. Der waaide ynienen in oare wyn. En dat joech enerzjy, fleur, in feilich gefoel. Gjin eangst mear foar oarloch, driging.
It siet der yn de jierren dêrfoar al wat oan te kommen. Want songen wy mei inoar net: ‘Leaver in Rus yn myn bêd as in krúsraket!’ En wy glimken doe’t wy letter ús Willem Alexander in bierke drinken seagen mei Poetin. Kinst dy no net mear yntinke. Al moat ik der ek net oan tinke dat ús kening dat no dwaan soe mei Trump of mei syn gnizende cowboys, sittend yn ’e bank, grutsk nei in slagge bombardemint op Jemen.… Lês fierder
Interviewe
Interviewe, ik mach ut ferrekte graach doën. Al jaren doën ik dat sonder pen en notysyblòkje. Ik hew altyd myn Olympus Digital Voice Recorder-ke met. At it an ut interviewen bin wil ik de minsen ansiën, ut opskriëve leit mij feulstefeul ou. Opfallend is ok dat lui dy’t ik interview meastal binnen un halve minút ut kleine swarte apparaatsje fergete en nyt mear siën.
Interviewe doën ik op un heel soad ferskillende lokasy’s, fan kerk tòt kroech en alles wat der mar tussen in sit.
Ok bij minsen thús. Dat doën ik dan faak an de keukentafel. Altyd stel ik mij self eventsje foar en fertel wêrom ik interviewe joppech fyn: Ik hou fan minsen.… Lês fierder
Needpakket
It wie mear út nijsgjirrigens as út ûngerêstens dat ik in skoftke werom trochklikte nei denkvooruit.nl , de grif goedbedoelde webside fan ús oerheid dêr’t op stiet wat wy dwaan moatte yn nuodlike tiden. Freegje net wannear’t dy komme, mar dát dy komme is wol sa goed as wis. Alteast, dat sizze de fjouwerstjerregeneraals fan tsjinst dy’t ús in hoart lyn al wekker skodzje woene. Feilichheidsminister Van Weel hat wilens it selsredsumenstiidrek al fan 2 nei 3 dagen opskaald. Rampen, kalamiteiten en needsituaasjes komme oer ús en dêr moat it folk, jo en ik dus, op taret wêze. Sjoch mar hoe’t de wrâld der op it stuit hinne leit troch de strapatsen fan de alfa-males boppe op ‘e autarkerots.… Lês fierder
Kompost
‘Om it geefste Frysk te hearren moatst in oerke op it Halbertsmaplein yn Grou stean,’ sei Master Piter. Dat hearde al wat selsbeflekkend, want Master Piter kaam fan Grou. Mar wa wie ik om him tsjin te sprekken; in skruten Hollânsk famke dat sa graach dielnimme woe oan de Fryske doarpsidylle. Ik sûge de taal op. Yn Grou is it blykber op syn bêst. It Frysk.
It waait en it reint en it is moandei. Of wolle de bruorren Halbertsma my straffe dat ik de wurden fan Master Piter noait opfolge ha? Yn fiifentweintich jier is harren plein al wat feroare.… Lês fierder
