Ferdinand Wanders

Alve tinten Swart

logo.ensafh

Ensafh frege my om myn hert en harsens ris nei de teksten op it debútalbum Skym fan Kjeld harkje te litten. Underwilens moasten myn earen dan de my sa swiet taklinkende, yn- en ynswarte rûs fan de alve nûmers op Skym redusearje ta eftergrûn. Lykas in keunstkenner nei it ynfallende ljocht op in Rembrandt sjocht, wylst ik net folle fierder kom as in kloft manlju en in hûn dy’t mei-elkoar de Nachtwacht foarmje. Sa sil ik besykje de literêre kant te beljochtsjen fan dizze muzikale fyftich tinten swart, dy’t foar ‘gewoane’ minsken wis as ‘grêfherje’ oanmurken wurde sil.

Kjeld is neffens my de iennige aktive Frysktalige blackmetalband op ierde.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Tsjuster fan blackmetalband Kjeld

logo.ensafh

‘Yn de stoarm en gaos fan black metal is wat majestueus te ûntdekken.’

De blackmetalband Kjeld út de Wâlden is oprjochte yn 2004. De band bestiet út: Kâld (gitaar), Tsjuster (gitaar), Swerc (bas), Fjildslach (drums) en Skier (sang). Yn 2010 kaam de earste EP De tiid hâldt gjin skoft fan Kjeld út. Nei dy útjefte hat de band him fierder ûntwikkele, wat laat hat ta it ferskinen fan de CD Skym yn maart 2015 by Hammerheart Records. Kjeld sjongt yn it Frysk, yn de teksten komt de mytologyske en heidenske tematyk nei foaren.

Black metal is in subsjenre fan de heavy metal, dat him ôfsplitste fan de iere trashmetal- en deathmetalscene.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ’e planke Juny 2015

logo.ensafh

Poezij

Abe de Vries
Brek dyn klank

Gerben Rypma Stifting, Blauhûs 2015.
ISBN 9789081581820
Ferkeappriis € 15,00

Brek dyn klank is poëzij, skreaun troch in heit foar syn bern, dêr’t it libben trochhinne gien is. Taal, tusken langst en ferlies, begjin en ein, is net ûnskuldich mear, mar jout sawol omearming as ferantwurding. Taal dy’t fertart is feroare yn taal dy’t tsjûget fan ferynderliking. Hjir sprekt in dichter dy’t wit wat er fan it libben ferwachtsje mei, en foaral wat nét, wiis wurden troch eigen ûnderfining.

Hinke Veenstra
Lang om let : Fryske gedichten en foto’s
Eigen behear, Drachten 2015
ISBN ?… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Nije lêzers foar Fryske skipsjonges?

logo.ensafh

Nûmer twa fan Regaad, De skipsjonges fan Bontekoe fan Johan Fabricius, is koartkriemd in juwiel fan in boek wurden. Fersoarge útjûn mei prachtige kleureprinten fan Roelof Wijtsma dy’t goed de sfear pakke fan it spannende jongesboek. It boek (it orizjineel waard foar it earst printe yn 1923) dat de reis ferslacht fan Hajo, Rolf en Padde fan Johan Fabricius is oersetten troch Anne Tjerk Popkema.
Moaie boeken meitsje is krekt wat de mannen fan Regaad wolle, sa falt te lêzen op harren webstee: ‘De stifting Utjouwerij Regaad rjochtet him op de produksje fan Fryske oersettings yn heechweardige en orizjinele útjeften, mei as doel de Fryske lêsbefoardering.’… Lês fierder

Eric Hoekstra

In boer eksperimintearret mei Viagra

logo.ensafh

 

Bring ta syn essinsje
de âlde sater werom.
Wyn jout elk lisinsje
en strún yn Leafde om.
Reitsje op Rokjedei eagen oan,
ûnmeilydsum is it froulik machtsfertoan.

De homeie is yn stien en toer ferankere,
swaait iepen as de god him oppenearret
op in Jaguar lutsen troch twa hynders,
want it bist bringt it meganyk op gong.

Blaupiltsje rydt foar wûnder, mar it hert
jout belies en blaublomkes op it grêf
bringe gouden bloeitiid yn it ûnthâld
fan de boer dy’t oan syn hurde reis begjint.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Sinjalemint ‘It museum fan binnenút/Het museum van binnenuit’

logo.ensafh

De abonnees fan it algemien kulturele tydskrift De Moanne krigen okkerlêsten in hiel aardich presintsje tastjoerd: It museum fan binnenút/Het museum van binnenuit. Dizze útjefte, in tige goed fersoarge boek dat as in soarte fan harmoanika yninoar sit, is it produkt fan in gearwurkingsferbân tusken it Natuurmuseum Fryslân, Tresoar en de Nederlandse Kring van Tekenaars (NkvT).

Ik sitearje Wieke de Haan fan Tresoar: ‘Skriuwers ha har ynspirearje litten troch tekeningen fan de NkvT, mar ek troch de kolleksje fan Natuurmuseum Fryslân én troch de ien op ien petearen tusken de skriuwer en de tekener. De teksten binne redigearre, mar yn guon gefallen hat de dichter de dichterlike frijheid foar kar naam.’… Lês fierder

Jelma Knol

Ferslach Skriuwwykein op Skylge 5-7 juny

logo.ensafh

De kursus Kreatyf Skriuwen yn it Frysk it ôfrûne wykein op de Folkshegeskoalle Skylgeralân hat fiif nije skriuwtalinten oplevere. Under lieding fan skriuwer en dichter Piter Boersma en stazjêre Jelma Knol, beide al jierrenlang redakteur fan de tydskriften HJIR en Ensafh, wurken de kursisten ûnder it biedwurd ‘Fersterkje dyn talint’ op Skylge oan in grut ferskaat oan skriuwopdrachten. Tips foar it ferbetterjen fan de ambachtlike feardichheden fan de skriuwer waarden benammen ek socht yn de ynspirearjende natoer fan Skylge.

Hoe kinst de natoer it bêste ûndergean? Set ast bûten bist al dyn sintugen iepen en wurkje oan de skriuwopdracht dy’tst krigen hast.… Lês fierder