https://www.youtube.com/watch?v=znQyAF0EsZo&feature=youtu.be
Oanbieding fan it spesjale Piternûmer fan literêr tydskrift ensafh oan Piter Boersma, tidens de poëzijmarathon yn Café Vellinga yn Snits, 30-01-2015.… Lês fierder
https://www.youtube.com/watch?v=znQyAF0EsZo&feature=youtu.be
Oanbieding fan it spesjale Piternûmer fan literêr tydskrift ensafh oan Piter Boersma, tidens de poëzijmarathon yn Café Vellinga yn Snits, 30-01-2015.… Lês fierder
Redaksjoneel
Dit sil it earste nûmer fan ensafh wêze dêr’t Piter Boersma neat oan ta dien hat, al stiet der âld en nij wurk fan him yn, is er op alle ôfbyldingen werom te finen en geane alle stikken oer him en/of syn wurk. Hy wist sels in tiidlang neat fan dit nûmer.
…
Lês hjir fierder (pdf)
Losse eksimplaren binne te keap by de Afûk-winkel yn Ljouwert, en te bestellen fia abonnementen@kok.nl. Foar €5,95 + € 1,95 ferstjoerkosten wurdt it nûmer dan by jo thús besoarge. … Lês fierder
Mear as 1,3 kilo weacht it en it telt 288 siden. In prachtboek mei prachtige foto’s, in boek vol kleur, in boek vol nostalgy, al dy moaie minsken mei harren kleurrike kultuer; in prachtboek fan Oxfam Novib, fergees foar de leden.
It giet om it boek Kwetsbare talen, wat gaat er verloren als een taal niet meer klinkt?. It antwurd stiet yn de ynlieding: ‘Gemeenschappen hebben hun taal nodig om essentiële informatie van generatie op generatie door te kunnen geven, van sociale gedragsnormen en godsdienstige overtuigingen tot kennis over hun natuurlijke omgeving. Wanneer een taal uitsterft, gaat deze kennis verloren.’… Lês fierder
yn leechte
sa goar by de dyk del stien
hat net ien sa skril it bare lân
by wangen del sliten field
wynkrêft tsien
der hearde neat
te kraaien te kommunisearjen
de fûgels op ’e line
binne de fûgels yn dyn kop
jim heit út ’e bek stapt
seit se noch foardat de fraach
ferpolvert yn de hân
nei foarren stoot
*
in leegte
zo guur langs de weg gestaan
heeft niemand zo schel het barre land
langs wangen voelen slijten
windkracht tien
er hoorde niets
te kraaien te communiceren
de vogels op de lijn
zijn de vogels in je kop
sprekend je vader
zegt ze nog voordat de vraag
verpoedert in de hand
naar voren stuift… Lês fierder
Dikky
Woansdeitejûn 14 jannewaris 2015 stie myn frou yn de doar doe’t ik thúskaam. Min nijs, sei se, de mûle ferlutsen. Idske Postuma -De Boer hearde ik doe’t ik de hoarn oernaam. Se fernijde my dat de polysje Dirk van der Veen dea fûn hie. Hy lei langút op de grûn fan syn wenkeamer. Yn it sikehûs die bliken dat er smoard wie yn de reek fan in skroeiende bank dêr’t er in sigaret op falle litten hie. De ruten potticht wie alle soerstof yn in sucht opbaarnd en de lucht fol koalmonokside. Net bekend is oft Durk in slok op hie.… Lês fierder
Besprek Frou mei mandoline op sofa fan Josse de Haan
It libben wurdt tekene troch djipte- en hichtepunten. It iene kin allinnich mar bestean yn it ljocht fan it oare. Josse de Haan hat dat skerp foar eagen hân by it skriuwen fan Frou mei mandoline op sofa en dy tsjinstellings en parallellen op in masterlike wize ferwurke yn syn nijste boek.
Froulju
Op ’e foarkant pronket in fariaasje fan it skilderij Frau mit Mandoline fan Max Beckmann. Froulju spylje in hiele wichtige rol yn it boek. Hja binne folle mear as it geslacht dêr’t de haadpersoan op falt en dêr’t er graach mei frijt, al spilet eroatyk in foarname rol.… Lês fierder