In gefoelich leafdesliet fan Duo von Däniken! Klik op it plaatsje.
Meindert (1994) studearret sûnt 2012 Frysk yn it programma Europeeske Talen en Kultueren yn Grins. Hy wie ien fan de fjouwer bestjoersleden fan de eardere stúdzjeferiening Skanomodu. By Skanomodu is koartlyn in soad feroare, dêr’t er ús oer by prate sil. Meindert wennet op in keamer yn Grins. Wy ha dit fraachpetear op de pleats fan syn âlden yn Wytgaard.
Hoe lang bestiet Skanomodu en wa wiene de oprjochters?
‘Stúdzjeferiening Skanomodu hat likernôch sân en in heal jier bestien. De oprjochters wiene Dirk Jan Muntendam, Truus de Vries, Jurrit Jan de Jong en Geart Tigchelaar.… Lês fierder
In artikel skriuwe oer tekst en yllustraasjes yn Russyske berneboeken út de earste desennia fan it Sovjet-tiidrek (1922-1991) kin eins net sûnder in yntroduksje fan Russyske folksmearkes en skilderkeunst fan foar de revolúsje en boargeroarloch (1917-1922).
Mearkes en Bylinen, oarsprong
– en in djippere betsjutting/leit ferskûle yn ’e mearkes fan myn bernejierren/as yn ’e wierheid dy’t it libben sels ús leart.
Friedrich von Schiller, die Piccolomini, Wallenstein trilogy, diel twa.
Yn ’e alfde ieu droegen doarpsfertellers saneamde ‘starini’ of ‘bylini’ foar, heldelieten, mei as tema mytyske ferhalen út ’e âldheid. Dêrneist bestie al in hiel repertoire, alles mûnling oerbrocht, fan ‘skazki’, optochte ferhalen en ‘bassnji’, in soarte fabels, alle trije yn in sfear fan betsjoening en heimsinnigens.… Lês fierder
https://www.youtube.com/watch?v=znQyAF0EsZo&feature=youtu.be
Oanbieding fan it spesjale Piternûmer fan literêr tydskrift ensafh oan Piter Boersma, tidens de poëzijmarathon yn Café Vellinga yn Snits, 30-01-2015.… Lês fierder
Redaksjoneel
Dit sil it earste nûmer fan ensafh wêze dêr’t Piter Boersma neat oan ta dien hat, al stiet der âld en nij wurk fan him yn, is er op alle ôfbyldingen werom te finen en geane alle stikken oer him en/of syn wurk. Hy wist sels in tiidlang neat fan dit nûmer.
…
Lês hjir fierder (pdf)
Losse eksimplaren binne te keap by de Afûk-winkel yn Ljouwert, en te bestellen fia abonnementen@kok.nl. Foar €5,95 + € 1,95 ferstjoerkosten wurdt it nûmer dan by jo thús besoarge. … Lês fierder
Mear as 1,3 kilo weacht it en it telt 288 siden. In prachtboek mei prachtige foto’s, in boek vol kleur, in boek vol nostalgy, al dy moaie minsken mei harren kleurrike kultuer; in prachtboek fan Oxfam Novib, fergees foar de leden.
It giet om it boek Kwetsbare talen, wat gaat er verloren als een taal niet meer klinkt?. It antwurd stiet yn de ynlieding: ‘Gemeenschappen hebben hun taal nodig om essentiële informatie van generatie op generatie door te kunnen geven, van sociale gedragsnormen en godsdienstige overtuigingen tot kennis over hun natuurlijke omgeving. Wanneer een taal uitsterft, gaat deze kennis verloren.’… Lês fierder
yn leechte
sa goar by de dyk del stien
hat net ien sa skril it bare lân
by wangen del sliten field
wynkrêft tsien
der hearde neat
te kraaien te kommunisearjen
de fûgels op ’e line
binne de fûgels yn dyn kop
jim heit út ’e bek stapt
seit se noch foardat de fraach
ferpolvert yn de hân
nei foarren stoot
*
in leegte
zo guur langs de weg gestaan
heeft niemand zo schel het barre land
langs wangen voelen slijten
windkracht tien
er hoorde niets
te kraaien te communiceren
de vogels op de lijn
zijn de vogels in je kop
sprekend je vader
zegt ze nog voordat de vraag
verpoedert in de hand
naar voren stuift… Lês fierder