Sjieuwe Borger

In memoriam Dirk van der Veen

logo.ensafh

Dikky

Woansdeitejûn 14 jannewaris 2015 stie myn frou yn de doar doe’t ik thúskaam. Min nijs, sei se, de mûle ferlutsen. Idske Postuma -De Boer hearde ik doe’t ik de hoarn oernaam. Se fernijde my dat de polysje Dirk van der Veen dea fûn hie. Hy lei langút op de grûn fan syn wenkeamer. Yn it sikehûs die bliken dat er smoard wie yn de reek fan in skroeiende bank dêr’t er in sigaret op falle litten hie. De ruten potticht wie alle soerstof yn in sucht opbaarnd en de lucht fol koalmonokside. Net bekend is oft Durk in slok op hie.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Tragyske skientme yn ’e parallelly

logo.ensafh


Besprek Frou mei mandoline op sofa fan Josse de Haan

It libben wurdt tekene troch djipte- en hichtepunten. It iene kin allinnich mar bestean yn it ljocht fan it oare. Josse de Haan hat dat skerp foar eagen hân by it skriuwen fan Frou mei mandoline op sofa en dy tsjinstellings en parallellen op in masterlike wize ferwurke yn syn nijste boek.

Froulju

Op ’e foarkant pronket in fariaasje fan it skilderij Frau mit Mandoline fan Max Beckmann. Froulju spylje in hiele wichtige rol yn it boek. Hja binne folle mear as it geslacht dêr’t de haadpersoan op falt en dêr’t er graach mei frijt, al spilet eroatyk in foarname rol.… Lês fierder

Piter Boersma

Twa gedichten

logo.ensafh

 

it is nacht mar ik sjoch ljochten oan ’e kym

it is nacht mar ik sjoch ljochten oan ’e kym
wei wurdt de gedachte oan fertsjinne lean
it tinken oan it leechmeitsjen fan jins geast
bringt it besef dat goed en kwea net bestean

*

wyn en rein bûtse en strymje it wylchje

wyn en rein bûtse en strymje it wylchje
op eigen woartels oanwiisd stiet it dêr skoan
al dy miljoenen mei har drokte rinne
blyn achter in rige hypokriten oan… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Nei de klappen

logo.ensafh

Ik folgje it mei rust oanfretten stik stiel dat mei in swaai weiwurdt yn Heiko’s plasse. De Dútske jonge falt as in plumpudding yninoar. As yn in goedkeape B-film pjutsket it bloed oer de grûn. De droege ierde is bliid mei hokfoar focht dan ek en sûget begearich it waarme read op.
‘Mear dy’t goddomme praatsjes hawwe?’ James praat altiten mei konsumpsje, benammen as er it smoar yn hat.
Wy passe wol op om James noch lilker te meitsjen. Wy binne noch mar mei in pear lju, dat hoecht net nóch mear úttinne te wurden.
Boppedat hawwe wy James demokratysk útroppen ta ús despoat, al tochten wy doe fan lieder.… Lês fierder

Daam de Vries

Segen yn ’t nije jier, fertel dat de happes mar

logo.ensafh

‘Segen’ sil wol wer net goed wêze mar ús beppe wie in Wâldpyk en ik fyn dat wy har al wat yn eare hâlde moatte. Net dat ik fierder wat dan ek mar oan nijjier ôfwinnen dien ha. Gjin nocht oan.

Tsjintwurdich moatte jo jin foar sokke aksjes ôfjaan nei in feesttinte. No bin ik foar in soad dingen geskikt, mar dêr net foar. Jo moatte dêr stean, de drank wurdt net by jin brocht, raze mei buorman of –frou kin noch krekt, prate is ûnmooglik. Jo moatte de muzyk dy’t spile wurdt ferplicht moai fine en as klapper begjinne poerfrjemde lju jo oan de hannen om te skuorren of noch slimmer: it mindere slikwurk.… Lês fierder

André Looijenga

‘Nous sommes Charlie’

logo.ensafh

7 jannewaris 2015 wie in prachtige dei foar godstsjinsthaters dy’t yn in kokon fan eigen gelyk omdoarmje, en foar Pegida-pakes mei in omheechfearjend rjochterearmke. Sinneskynwaar brocht dy dei foar de eintiidprekers, foar de auto’s-yn-efterstânswiken-yn-brânstekkers, foar de deteksjepoarteferkeapers, foar de oars-tinkende-buorlju-ûnthalzers, foar de wraaksikers, foar de genedewegerders, foar de islamisearringfoarsizzers, foar de efter-minsklike-skylden-skûlers, foar de komplotmjuksers, foar de grôtfol-flaters-ynternetfoara-foltypers, foar de diktatuerleafhawwers, foar de selsbeneamde krúsfarders, foar de sjóchst-no-wol!-sizzers, en foar elkenien dy’t ynkoarten ek ris mei in automatysk gewear wat ûnderminsken delmeane wol.

Tolve minsken binne dy dei fermoarde, yn in terroristyske oanfal op de redaksje fan it satiryske tydskrift Charlie Hebdo yn Parys.… Lês fierder