Martsje de Jong

Kompleten – it mystearje fan libben, leafde en dea

logo.ensafh

Kompleten is in boek dat oan alle einen en kanten bol stiet fan symbolyk en rituelen. It binne eins trije ferhalen yn ien, in trije-ienheid dus. Ferline, hjoed en takomst spylje in rol. It ferline bestiet út brieven fan in pater fransiskaan yn Brazilië, it no is foar de ik-figuer yn in benediktiner frouljuskleaster en de takomst beskriuwt de sykte en it ferstjerren fan Jens, de man fan de ik-figuer.

It is de ivige syklus, de lemniskaat, de lizzende acht: ferline oan ’e iene kant, takomst oan de oare en yn it krúspunt it hjir en no. It is dizze lemniskaat, de 8, it getal fan de folsleinens, it figuer dêr’t gjin begjin en ein oan is, dy’t troch it boek hinne hieltyd werom komt en nea yn letters skreaun wurdt, sadat de ûneinigens sichtber oanwêzich bliuwt.… Lês fierder

André Looijenga

Goenacht, Rink

logo.ensafh

 

Ast op lette jûn by glês en kears
lêst oer in jonge dy’t
oan it petgat yn in skûlhut
fêstsitten hie

efter de reade kibboets
(in âlde Joad foar syn eagen
troch in straaljager deadlik rekke)
yn in spelonk
wacht hâlde moast

hy, in skytlak as elk fan ús
fan in jeep mei fiif Syryske soldaten
fjouwer doch foaroer falle lit
opblaast
delknalt
genedeskot jout

dan is it
op ’e keamer dêrnei
goed neven killen

.

André Looijenga wurket en wennet dizze moanne yn de troch Rink van der Velde neilitten Skriuwersarke op de Feenhoop. Van der Velde syn ûngemaklike, eksistinsjalistyske iere wurk hâldt him yn it bysûnder yn de besnijing.Lês fierder

Ferdinand de Jong

Gaskachels

logo.ensafh

Twa saken dy’t lêsten yn it nijs wienen. Foarop moat sein wurde dat it beide slimme saken binne, dêr’t allinnich mar ferliezers fan kamen.

Saak ien.
Earst it rapport oer de brân yn Ljouwert. Tige foarsisber, moat ik sizze. Fansels is der yn alle âlde gebouwen wat mis. Fansels is de wetlike tiid dy’t immen ha moatte soe om te flechtsjen net realistysk. Kul. Krekt of is soks te regeljen mei alle ynfloeden sa as hurde wyn, wynrjochting en sa mear. Krekt of soe in lôgjende fik him oan dat skema hâlde. Typyske Nederlânske wetjouwing, yn in ideale Haachske wrâld ha je sels noch tiid om earst ûnder de dûs en kreas de klean oan foardat je dêrnei yn panyk de doar út fleane, it each op jo mobyl, dy’t de tiid byhâldt.… Lês fierder

Hidde Boersma

Hân boppe hollen

logo.ensafh

 

It wurk hie syn hannen grut makke
en it libben feromme jier nei jier syn geast

Hy seach en wist in soad, liet dat ek blike
mar hâlde lykwols mannichien
de hân boppe de holle

Efter syn ferware antlit
en djip yn syn skerpe eagen
tilde it op fan de geheimen

No is er dea
en gûlt dy, en fersuchtet dy… Lês fierder

André Looijenga

tusken de ljochten

logo.ensafh

op wolwarren ien stip ljocht ferdwynpunt
as tajefte ûnderoan de stjerrehimel

yn soele djipnacht digerje ik it petgat oer
en hein in skruten plûns efter de reiden
fan guozzen nachtliet mei refrein
en fisk – ja en grif in fisk

ek wer it lange lûd, omfierrens, neier
fan net-dêr fuort, boazet it oan
in auto wurdt wer wei, nei in net-hjir

wat krûpt en gûnst en my net byt
wat earne yn it wetter roert
my is it leaf, mar it moaiste jit

sa nachts in swierder droan fan earne wei
en earne hinne brimmend asfalt, rubber en metaal
in iere molkûntfangst, in feeferfier
longerich ree ta echte wurken
in frachtwein sjongt by it betiidste ljocht
en rôlet grânzgjend út earsein

André Looijenga hâldt him op it stuit ta op de Skriuwersarke op De Feanhoop, dêr’t er him noch wat mear as oars taleit op de Fryske literatuer.Lês fierder

André Looijenga

Sortes Postmianae

logo.ensafh

André Looijenga hâldt him op it stuit ta yn de Skriuwersarke. Foar Ensafh docht er dêrwei om de safolle dagen ferslach fan wêr’t er him dêr mei dwaande hâldt.

Ik tôgje mar mei boeken om. Bin ik eins wol te plak hjir yn it petgat? Rêst, roeie, fytse, ja fansels: mar thús yn Grins steane myn dekameters boekekast. Boeken kin ik net sûnder. Eins kin ik ek net skriuwe sûnder dat der boeken binne. Literatuer is foar my net sa mar ferhaaltsjes fertelle: it is fierder gean nei wat der allegear al skreaun is. En weromgean nei wat earder skreaun waard.… Lês fierder