Hein Jaap Hilarides

Stimd slik

logo.ensafh

IV*

Hoe beskriif je leegte?
Dúzzend grizen klaai?

De mîns fult de rúmte in:
De stâd, ’t hoofd, ’t Wad.

Ik ful de sintugen fan sândlopertiid.
Eb lait besinkdelen bloat.

Floed slibt op de klaai.
See blinkt griis in oalyforf.

* Skreven bij ‘Nat Noorderleeg’, ’n oalyforfskilderij fan Fred Thoolen

Wad2014

Hendrik Elings: Wad 2014

Op 31 Maaie hat Hein Jaap Hilarides in boekpresintaasje fan de bondel Stimd Stik. Der wurde dan ek lânskippen fan Hendrik Elings presintearre. Oanfang 15:00 oere yn Atelier Elings
Sjoch ek ris op de side fan Hein Jaap Hilarides.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

D.A. Tammingapriis foar Ale S. van Zandbergen

logo.ensafh

Ale S. van Zandbergen hat de nije priis foar Fryske debuten, de D.A. Tammingapriis krigen. Stifting FLMD hat it inisjatyf naam foar dizze priis, dy’t yn plak komt fan de ferlern giene Fedde Schurerpriis. De sjuery, ûnder lieding fan Simon Oosting, wie tige te sprekken oer de oare twa nominearren, te witten Klaas Rusticus mei syn De brimstige ingel, en Sipke de Schiffart mei de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen. Van Zandbergen syn roman Littenser merke kypte der neffens de sjuery lykwols út.

foto (73)

Foarsitter fan de sjuery Simon Oosting
foto (75) De symboalyske sjek fan € 3000,- is foar Ale S.

Lês fierder
Yolande de Kok

De widdo Joustra

logo.ensafh

Der binne dagen dan drink ik net. Mar yn novimber yn de dunen is de widdo Joustra gewoan medisinaal. Sels as it sa hurd reinde dat ik dweiltrochwiet waard en jûns in droege ûnderbroek oandwaan moast, bin ik noait ferkâlden wurden. Myn jas is wol in waxcoat mar yn ’e dunen is der altyd wyn, en dy jas waait omheech. Hjerstmis hat eltse dúnman ferlet fan in goede slok.

As de widdo der ek yn fan dy lytse fleskjes west hie, sa as oare drank, wie it faaks oars gien. Mar de widdo is tradisjoneel en der hâld ik fan. Sy is der allinne yn literflessen.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Ien? Twa?

logo.ensafh

1.
Wylst hjir yn Fryslân it keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen al wer los binne, krige ik fia Twitter in foto fan in lyts laachje snie op in auto ûnder eagen. De persoan dy’t de foto makke, die har beklach oer dy snie. Se ha yn Winnipeg, want dêr is de plaat sketten, no al in healjier te krijen mei tige kâld winterwaar, dat mar net wike wol foar de maitiid.

En ik sil jim sizze dat ik wol sa stjonkend jaloersk wie doe’t ik dat lies en dat laachje snie lizze seach. De lêste wike fan febrewaris (!) ha ik de meanmasine al út it fet helle en sûnt dy tiid hat er net in wike mear stilstien.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (19)

logo.ensafh

Feuilleton

19

Se fytsten oer in paad midden oer it eilân nei de Rano Raraku ta. It gong op en del, mar op ’e mountainbikes wie it prima te dwaan. Yn it begjin kamen se se noch greide en boulân tsjin, mar dêrnei wie it meast wyldlân. Benammen op legerlizzende plakken groeiden espeltsjes palmbeammen en wie der lege begroeiïng, mar fierders rieden se troch in alfolle keal gebiet mei grien gers en rûchte, dêr’t de rotsgrûn rûnom yn gruttere en lytsere meast ôfflakke bulten en bultsjes trochhinne stuts. It waaide flink. Doe’t se by de fulkaan wiene hâlden se it paad nei rjochts oan dat nei it fynplak fan withoefolle mo-ai’s rûn.… Lês fierder

Willem Winters

Tassen

logo.ensafh

No’t wy dochs yn ’e buert wiene woe ik lâns Hoogeveen, dêr soene se it langste byld fan Europa hawwe. Dat herinnere oan de feart út de tiid fan de ferfeaning. Letter fanwege it groeiende tal auto’s dimpt.

Nei in setsje kriget men yn ’e gaten dat de ferhâldingen fersteurd binne: te breed, te heech, te leech, neat kloppet mear. Dan probearret men faaks troch werynrjochting, oanlis fytspaden en it plantsjen fan beammen de saak te rêden. Dat binne meastentiids lapmiddels dy’t de fisuele gaos allinne mar grutter meitsje.

DSC_0579

Yn Hoogeveen hat in keunstner in wetterfal fan 200 meter al bochtsjend troch de Haadstrjitte oanlein.… Lês fierder