Piter Boersma

Molwrot (19)

logo.ensafh

Feuilleton

19

Se fytsten oer in paad midden oer it eilân nei de Rano Raraku ta. It gong op en del, mar op ’e mountainbikes wie it prima te dwaan. Yn it begjin kamen se se noch greide en boulân tsjin, mar dêrnei wie it meast wyldlân. Benammen op legerlizzende plakken groeiden espeltsjes palmbeammen en wie der lege begroeiïng, mar fierders rieden se troch in alfolle keal gebiet mei grien gers en rûchte, dêr’t de rotsgrûn rûnom yn gruttere en lytsere meast ôfflakke bulten en bultsjes trochhinne stuts. It waaide flink. Doe’t se by de fulkaan wiene hâlden se it paad nei rjochts oan dat nei it fynplak fan withoefolle mo-ai’s rûn.… Lês fierder

Willem Winters

Tassen

logo.ensafh

No’t wy dochs yn ’e buert wiene woe ik lâns Hoogeveen, dêr soene se it langste byld fan Europa hawwe. Dat herinnere oan de feart út de tiid fan de ferfeaning. Letter fanwege it groeiende tal auto’s dimpt.

Nei in setsje kriget men yn ’e gaten dat de ferhâldingen fersteurd binne: te breed, te heech, te leech, neat kloppet mear. Dan probearret men faaks troch werynrjochting, oanlis fytspaden en it plantsjen fan beammen de saak te rêden. Dat binne meastentiids lapmiddels dy’t de fisuele gaos allinne mar grutter meitsje.

DSC_0579

Yn Hoogeveen hat in keunstner in wetterfal fan 200 meter al bochtsjend troch de Haadstrjitte oanlein.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Liuwe Westra oer syn oersetting fan Lord of the Rings, jildkroadzje en útjaan, de tsjerke, syn wittenskiplik ûndersyk en mear.

logo.ensafh

Yn 2011 kaam syn oersetting út fan it earste diel fan Tolkien’s Lord of the Rings, Fellowship of the Ring: Master fan alle ringen, Selskip fan de ring. Liuwe Westra (Tsjom, 1966) is no dwaande mei de oersetting fan it twadde diel fan it omfangrike epos: De twa tuorren en is dêr al in moai ein mei op streek. Hy hat nei it gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert twa stúdzjes dien yn Grins: klassike talen en teology. Westra is dûmny yn de protestantske gemeenten Lollum en Burchwert en preket út en troch ek yn de tsjerken fan Hichtum en Waaksens.Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – april 2014

logo.ensafh

 

Poëzij

Tomke Dragt
25 Frisse Fryske Ferskes

Walraven de Granje, Grijpskerk 2014
ISBN 97890 8216 0918
Ferkeappriis € 12,45

tomkedragt

 

Under it pseudonym fan Tomke Dragt, mei in knypeachje nei sawol de namme fan de ferneamde berneboekeskriuwster Tonke Dragt as nei syn eigen lingte, publisearret Ihno Dragt, de direkteur-konservator fan de Stichting Musea Noardeast Fryslân in earste dichtbondel.

De titel is: 25 Frisse Fryske Ferskes: sa mar út myn Hollânske pinne drippele.
Dy ferriedt fuortdaliks al dat de skriuwer fan hûs út gjin Fries is. En dat jout, sa as in op dat mêd betûften-ien it útdrukte, somtiden net gebrûklike wurdkeppelingen op, dy’t in “native speaker” net gau betinkt.… Lês fierder

Imke Müller-Hellmann, Jantsje Post

Rients Westra

logo.ensafh

Rients Westra waard op 1 desimber 1895 berne yn Seisbierrum yn de provinsje Fryslân yn Nederlân. Hy hie sân broers en susters en it wie in deeglike grifformearde húshâlding. Rients syn heit wie ierappelkeapman. Hy woe graach dat syn soannen maatskiplik slagje soene, mar yn Rients seach er gjin keapman, dat hy trune him der op oan om in deeglik berop te kiezen en boer te wurden. Dat die Rients, hy troude mei Aukje en waard boer op in pleats by Surch. Rients hie in freonlik aard, it wie in iepene, hertlike man en hy hie nocht oan minsken. Hy lei maklik kontakt en al rillegau begong er as tuskenhanneler foar in grutte siedfirma kontrakten ôf te sluten mei oare boeren en geandewei ek hieltyd mear sels te hanneljen.… Lês fierder

Daam de Vries

Sa’n reservaat hoecht om my no ek wer net

logo.ensafh

Wy ha rommelmerk hân. Dat is in soartemint fan kultureel heechstantsje dat al in fjirtich jier giet en dêr’t gjin bidboek fan is. En ek gjin draaiboek. Fan de opbringst kin de dirigint fan de brassband al rejaal in jier lang betelle wurde. Myn beskieden rol is û.o. te soargjen foar wat papiereboel mei prizen en oare nuttige ynformaasje. Moast doe’t de saak hong in lytse korreksje op oanbrocht wurde. Dat diene se yn it Frysk.

Us pleatslike gruthannel yn fleisguod hat in nije kuolauto. Dy brûke wy altyd fergees. Dy nije auto stiet alles yn it Frysk op oanjûn.

In Yndonesysk type hat in lokaal figuer hjir útsegene om’t dy har yn it Hollânsk oanspriek.… Lês fierder

Janneke Spoelstra

Ien wurd

logo.ensafh

Yn 2012 ferskynde by Utjouwerij Elikser in Fryske oersetting, fan ’e hân fan Piter van der Veen, fan ’e novelle Le silence de la mer fan ’e Frânsman Vercors (skûlnamme fan Jean Bruller (1902-1991)). Dy novelle, dy’t yllegaal ferskynde yn 1942, en de Hollânske oersettingen derfan hawwe in nijsgjirrige publikaasjeskiednis. Yn de Moanne (feb. 2013) giet Ernst Bruinsma dêr op yn. Oer de krektens fan ’e oersetting fan Van der Veen wol er it net ha. Dat moatte oaren mar dwaan, seit er. Lykwols einiget er syn besprek mei de opmerking dat er net snapt wêrom’t Piter van der Veen yn ’e oersetting keazen hat foar de titel ‘In see fan stilte’ y.s.f.… Lês fierder