Friduwih Riemersma

Loftich simmerboek

logo.ensafh

De nonfiksje simmerferhalen binne der wer! Glenn Greenwalds boek oer Snowden en de NSA, Monica Lewinsky har Vanity Fair-ferhaal oer har relaasje mei de machtichste man fan de wrâld en it manuskript fan Martin Bosma oer Mandela dat oeral sirkulearret diele it tema fan de underdog dy’t it – al as net by ûngelok – opnimt tsjin de macht, it rjocht en it gelyk. De wrâld fan de machteleaze inkeling is ien fan ûnkomplisearre sosjaal ûnrjocht en dêryn hawwe syn eigen hannelings nea ferkearde konsekwinsjes. Mar, hoe wiis at ik ek bin mei myn steapeltsje simmerlektuer, it makket myn âlde fraach aktueel: wêr bliuwt it boek fan presidint Pûtin?… Lês fierder

Maya Angelou, Enno Salverda

Op de pols fan ‘e moarn

logo.ensafh

 

In Rots, in Stream, in Beam
Hiem oan soarten sûnt lang al wei,
Murken de mastodont.

De dinosauren, dy’t droech bewiis lieten
Fan har ferbliuw hjir
Op ús planeet syn flier,
Wat swiid alaarm ek fan har hastich ûndergean
Ferlern gong yn it dûnker fan stof en tiid.

Mar hjoed, skreaut de Rots ús ta, dúdlik, krêftich,
Kom, jim mei’ stean op myn
Rêch en eagje nei jim fiere bestimming,
Mar sykje gjin taflecht yn myn skaad.

Ik sil jim gjin skûlplak mear jaan hjirûnder.

Jim, skepen mar in bytsje leger as
De ingelen, ha te lang fuortdûkt yn
It tebûtsende tsjuster,
Ha te lang lein
Antlit foardel yn ûnwitnis.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

Stimd slik

logo.ensafh

IV*

Hoe beskriif je leegte?
Dúzzend grizen klaai?

De mîns fult de rúmte in:
De stâd, ’t hoofd, ’t Wad.

Ik ful de sintugen fan sândlopertiid.
Eb lait besinkdelen bloat.

Floed slibt op de klaai.
See blinkt griis in oalyforf.

* Skreven bij ‘Nat Noorderleeg’, ’n oalyforfskilderij fan Fred Thoolen

Wad2014

Hendrik Elings: Wad 2014

Op 31 Maaie hat Hein Jaap Hilarides in boekpresintaasje fan de bondel Stimd Stik. Der wurde dan ek lânskippen fan Hendrik Elings presintearre. Oanfang 15:00 oere yn Atelier Elings
Sjoch ek ris op de side fan Hein Jaap Hilarides.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

D.A. Tammingapriis foar Ale S. van Zandbergen

logo.ensafh

Ale S. van Zandbergen hat de nije priis foar Fryske debuten, de D.A. Tammingapriis krigen. Stifting FLMD hat it inisjatyf naam foar dizze priis, dy’t yn plak komt fan de ferlern giene Fedde Schurerpriis. De sjuery, ûnder lieding fan Simon Oosting, wie tige te sprekken oer de oare twa nominearren, te witten Klaas Rusticus mei syn De brimstige ingel, en Sipke de Schiffart mei de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen. Van Zandbergen syn roman Littenser merke kypte der neffens de sjuery lykwols út.

foto (73)

Foarsitter fan de sjuery Simon Oosting
foto (75) De symboalyske sjek fan € 3000,- is foar Ale S.

Lês fierder
Yolande de Kok

De widdo Joustra

logo.ensafh

Der binne dagen dan drink ik net. Mar yn novimber yn de dunen is de widdo Joustra gewoan medisinaal. Sels as it sa hurd reinde dat ik dweiltrochwiet waard en jûns in droege ûnderbroek oandwaan moast, bin ik noait ferkâlden wurden. Myn jas is wol in waxcoat mar yn ’e dunen is der altyd wyn, en dy jas waait omheech. Hjerstmis hat eltse dúnman ferlet fan in goede slok.

As de widdo der ek yn fan dy lytse fleskjes west hie, sa as oare drank, wie it faaks oars gien. Mar de widdo is tradisjoneel en der hâld ik fan. Sy is der allinne yn literflessen.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Ien? Twa?

logo.ensafh

1.
Wylst hjir yn Fryslân it keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen al wer los binne, krige ik fia Twitter in foto fan in lyts laachje snie op in auto ûnder eagen. De persoan dy’t de foto makke, die har beklach oer dy snie. Se ha yn Winnipeg, want dêr is de plaat sketten, no al in healjier te krijen mei tige kâld winterwaar, dat mar net wike wol foar de maitiid.

En ik sil jim sizze dat ik wol sa stjonkend jaloersk wie doe’t ik dat lies en dat laachje snie lizze seach. De lêste wike fan febrewaris (!) ha ik de meanmasine al út it fet helle en sûnt dy tiid hat er net in wike mear stilstien.… Lês fierder