Foto’s makke troch Geart Tigchelaar fan de digitale Gedichtejûn 2021 fan ensafh.

Geart Tigchelaar

Youp Boelens

Paul van Dijk

Nyk de Vries

Sigrid Kingma

Friduwih Riemersma

Edwin de Groot
Jo kinne de Grutte Gedichtejûn hjir weromsjen.… Lês fierder
Foto’s makke troch Geart Tigchelaar fan de digitale Gedichtejûn 2021 fan ensafh.

Geart Tigchelaar

Youp Boelens

Paul van Dijk

Nyk de Vries

Sigrid Kingma

Friduwih Riemersma

Edwin de Groot
Jo kinne de Grutte Gedichtejûn hjir weromsjen.… Lês fierder
de wrâld komt deryn
set de klompen op ’e matte
slofket op geitehierren sokken
sa myn tillefoan yn
alles foar it gripen
it glês is tsjokker
as ea glês west hat
ik raas de longen
út al myn liven
buorlju hearre neat
de wrâld stapt yn ’e klompen
klapt de doar efter him ta
en sjoch him earst
troch de fitraaljes
as er it besnijde paad ôfrint

Foto: Geart Tigchelaar
Geart Tigchelaar besprekt ‘Blaumelly’ (Utjouwerij DeRyp 2020) fan Abe de Vries.
It gedicht ‘Ballade fan ’e ammoniakútstjit’ is hjir te finen.
It e-boek ‘In rûgel wyt. Gedichten fan Robert Frost, seleksje en oersetting troch Abe de Vries’ is hjir del te laden.
Fideobesprek oer ‘Opskuorgebieten’ fan Abe de Vries stiet hjir:
Op 5 febrewaris 2021 is der wer in Grutte Gedichtejûn fan Literêr tydskrift ensafh. Diskear digitaal! Sjoch hjirûnder foar de promoasjefilm.
Yn dizze twadde ôflevering besprekke de Boekemantsjes de twatalige bondel ‘Lippebiter fan L. / Lippenbijter van L.’ (Afûk 2020) fan Anne Feddema.
Boekemantsjes binne Frank Hopwood en Geart Tigchelaar.
https://anchor.fm/boekemantsjes/episodes/Boekemantsjes-besprekke-LippebiterLippenbijter-flevering-2-en5ick… Lês fierder
Geart Tigchelaar besprekt ‘De poëtyske Edda’ (Het Nieuwe Kanaal 2020), dy’t oersetten is troch Willem Schoorstra.

It stedhûs dêr’t de Rely Jorritsmapriisútrikking dy’t jier plak hie.
Fanwegen de koroanamaatregels wie it barren om de útrikking fan ’e Rely Jorritsmaprizen hinne frijwat sober. Sadwaande wie it ditkear yn ’e Oranjeseal fan it stedhûs yn Ljouwert. De reade stuollen stienen allegearre op oardel meter ôfstân. It wie gjin flitsend multymediaal spektakel sa’t wy dat de lêste jierren wend wienen fan Studio Smids. Nettsjinsteande wie it in feestlik barren en sa’n seal jout it gehiel in beskate grandeur.

Yn ’e lúkse Oranjeseal stienen de reade stuoltsjes kreas opsteld.
Hein Kuiken, as wethâlder fan kultuer, wie wakker wiis mei it feit dat de gemeente partisipearje koe yn dizze priis.… Lês fierder