In fers fan Sytse Jansma
Klik hjir foar de foardracht
Klik hjir foar de tekst (pdf)… Lês fierder
Ik sleep se al in fyftich jier mei. Flatten. Ik wit net wêr’t ik se opbergje moat, sadat ik se weromfine kin. De lêste tiid lizze se tusken de blanko sluven. Niiskrekt haw ik dat hoekje fan ’e kast opromme, fûn ik noch nijjierskaarten fan 1998. Ik kin soks min fuortsmite. Mar ik doch der ek neat mei. Hawar, dy slúf mei kaarten moat dan mar nei souder. Dy stiet al oant de harsus ta fol met boeken en dokuminten.
Mar no dy flatten. It wie yn de jierren dat ik sosjology studearre, mei as spesjaliteit medyske sosjology. Yn 1975 rûn ik staazje op Nieuw Toutenburg.… Lês fierder
Ik wit net hokker god my stjoerde,
om te fallen yn de stream
en te fallen yn it fjoer.
Dizzen ha faald.
Ik beweegje ta de poarten yn
fergjend hokker oarloch it is;
hokker oarloch is it?
de bewenners yn ‘e poarten
antwurdzje ús; wy sill’ dy oarloch komme litte
hja dy’t wy folgen te kommen
soannen fan ús memmen en heiten
dragend op ús hollen neat
útsein de tonger dy’t baltet
dy’t wit wannear’t der tsjoed komme sil.
Iepenje de poarten!
It is Akpabli Horsu dy’t my stjoerde
Iepenje jim de poarten, myn memme’ bern
en lit my deryn
ús tonger-ynwijden ha amok rûn
en wy sliepe yn it woastynlân
beweegje ús fuotten net
wy sill’ sliepe yn de woastyn
gewearen yn ús hannen kinn’ wy net sjitte
nyften yn ús hannen kinn’ wy net smite
de dea fan in man is net fier fuort.… Lês fierder
It skriuwen fan in Frysk gedicht is de einopdracht fan it edukatyf projekt ‘Gysberts Lytse Rymlerye’ fan it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. Elke basisskoallegroep dy’t meidocht mei de trije bêste gedichten ynleverje en docht dan mei oan de ferkiezing foar winner fan de Lytse Gysbert Japicxpriis. Fan 2014 ôf sil de Lytse Gysbert Japicxpriis om de twa jier útrikt wurde.
Dit jier is út ein set mei in pilot en binne hjirfoar inkeld de skoallen yn Boalsert útnoege. Trije fan de fjouwer basisskoallen ha har oanmeld en sy diene mei mei seis groepen. Der binne achttjin gedichten ynstjoerd en dizze binne troch sjuery Hindrik van der Meer en Siebe Haven besjoen en sy ha as winners útkeazen: Nynke Groenveld (10 jier) en Jenske de Lange (11 jier), beide fan CBS De Bron.… Lês fierder
Jaap Krol (1970) is sterk, o sa sterk, yn it beskriuwen en yn it trochgrûnjen fan alledeiske minsken yn alledeiske dingen. Dat hat er mear as sjen litten yn de bondel Nûmers, en dat fierder útwurke yn it relaas oer Henk Faber en Mofro yn de roman M/F (2006). Dy gewoane minsken wurde delset yn alledeiske situaasjes, mar ûnderhûdsk spilet der him hiel wat mear ôf as oan de oerflakte dúdlik wurdt. Mei syn nije ferhalebondel, It fûgelgebed, hat er syn eardere wurkwize mear rafinearre en perfeksjonearre. De kop moat der echt by, it is gjin boekje om foar it sliepen efkes oer te eidzjen.… Lês fierder
Dêr lei de skilder lekker te koesen, midden yn ’e bosk, op in iepen plak tusken it hege griene gers en fears. De man hie, dat koenen je sa sjen, mar in daaldersk plakje útsocht om ‘en plein air’, yn ’e frije natoer, te skilderjen. Der wie nammers gjin mis op dát it in skilder wie. De man hie syn palet en pinsielen tsjin in skilderskistje yn it gers setten. In opfâldber stuoltsje stie rjochtsûnder yn byld.
Soe er al wat makke ha, in akwarel of in stúdzje yn oaljeferve?. Dat foel net te sizzen. It skilderskistje stie mei de binnenkant fan it deksel iepen, nei de fredich sliepende jonge man takeard.… Lês fierder
Troch allerhanne tûkelteammen koe ik no krekt te set oer it album Der’t ik weg kom fan Hein Jaap Hilarides, mei fjouwer oarmans en alve Biltsktalige nûmers fan himsels. De skiif waard al opnommen yn 2011 en kaam ferline jier út.
Frysktalige bands, Biltske roots
Hein Jaap Hilarides (Sint Jabik 1969) is al sûnt 1986 warber yn ’e Biltske en Fryske muzykscene. Yn it begjin fan ’e njoggentiger jierren krijt er in plak as toetsenist yn ’e Frysktalige groep Wiegels Wjukkelmasine. Mei dy achtmansformaasje spilet er ek bûten de provinsje Fryslân en berikt er sels de heale finale fan ’e Grote Prijs van Nederland!… Lês fierder