Piter Boersma

Molwrot (16)

logo.ensafh

feuilleton

16

Se fleagen boppe de Atlantyske Oseaan. Seleina sliepte. Alexander Boban seach nei bûten nei de blauwe loft en de wolken yn ’e djipte. Hy fielde him los fan alles en dat brocht him werom nei in momint út syn jeugd. Hy wie santjin en kuiere mei Dubravka, in famke út it doarp, de greiden del dy’t ôfrûnen nei de rivier. It wie in simmerdei.
‘Wy wurde fêst neisjoen,’ sei Dubravka.
‘Dan moatst dyn rêch noch rjochter hâlde,’ sei er.
‘Ik sjoch spoeken,’ sei se, ‘Janko sil it net akseptearje dat ik mei dy gean en net mei him.’
‘Wy sjogge wol.’… Lês fierder

Daam de Vries

Knoffeljende bekkens

logo.ensafh

De meast deprimearjende wize fan it merkbiten en benammen fan it mjitten fan muzikale glâns is wol it konkoers. Ha ris meimakke dat myn blaasmaat yn de bus in epilepsy-oanfal krigen. Dat is no net daliks de meast gaadlike opmaat nei in mei ynmoed brochte muzikale jefte mar seit tagelyk hielendal neat oer de reis en benammen net oer de wille yn de oanrin fan goed tsien wike.

Yn dy tiid wie it noch sa dat de konkurrinsje dêr wat begryp foar opbringe koe en waard yn ûnderling oerlis nei de lotting útmakke dat wy as lêste blaze koene en as it my goed heucht ek noch kampioen waarden.… Lês fierder

Imke Hooijenga

Ynspiraasje en imitaasje

logo.ensafh

Baukje Wytsma skreau nije fersen foar it boek dat yn 2012 yn it Dútsk ferskynde as ‘Zwei die sich lieben’, fan Jürg Schubiger (tekst) en Wolf Erlbruch (printen). Yn it Nederlânsk ferskynde it as ‘Zoen me tot ik spin’, dêr’t al besteande leafdesgedichten út de Nederlânske literatuer foar brûkt binne fan bgl. Annie M.G. Smidt, Eva Gerlach en Toon Tellegen. Fierder ferskynde it boek ûnder oaren ek yn it Frânsk, Spaansk en Italiaansk, hjir mei oersettings fan de oarspronklike fersen fan Schubiger.
It boek sjocht der prachtich út; it is moai ynbûn en opmakke – yn feite in eksakte kopy fan de Dútske ferzje, al is foar dát boek better papier brûkt en is it mei linnen ynbûn – en der sitte gjin flaters yn.… Lês fierder

Duo von Däniken

Fan it fabryk nei de kroech

logo.ensafh [soundcloud url=”https://api.soundcloud.com/tracks/135890532″ params=”auto_play=false&hide_related=false&visual=true” width=”25%” height=”75″ iframe=”false” /]

Sjogge jo de spiler fan Soundcloud net hjirboppe? Klik dan hjir.

Drinkliet fan Stille Sytse en de Skriemers

Fan it fabryk nei de kroech

Ik rin hast nea
In kroech foarby
Al dy potsjes bier
Dy sjonge foar my
Ut it fabryk wei
De kroech yn
Dêr fiel ik my frij

Ik bealgje my dea
Altyd it swit op ‘e rêch
Dy droege kiel fan my
Nee, dat is net bêst
Ut it fabryk wei
De kroech yn
Dêr fiel ik my frij.

Wurkje en wurkje
In slaaf foar wat lean
Bealgje en bealgje
Wat hat it foar sin
Ik wol in nij begjin ensafh.… Lês fierder

Tessa Blaauw, Tryntsje van der Steege, Forina van der Zee

Sjueryrapport Rink van der Velde-priis 2014

logo.ensafh

De Rink van der Veldepriis is yn 2003 ynsteld troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Smellingerlân, yn oparbeidzjen mei útjouwerij Friese Pers Boekerij te Ljouwert.

Klik hjir foar it folsleine rapport (pdf)… Lês fierder

Jelma Knol

Im grossen Schweigen

logo.ensafh

Wylst de Twadde Wrâldoarloch nei de ein rint skriuwt Matthijs Vermeulen (deiboek-brieven) oan syn sike frou Anny. Se wenje dan yn Noard-Frankryk. De toan is sa yntym en tear dat jo dizze teksten hast net lêze doare. Anny stjert en letter sneuvelet harren soan Josquin. De oankeap fan Het enige hart, de oangripende deiboeknotysjes fan komponist Matthijs Vermeulen tusken 1 septimber 1944 en 1 septimber 1945, datearret út in perioade dat ik drok dwaande wie mei Nederlânske komponisten.

No ja, dwaande, passyf dwaande dan. Ik mei graach nei muzyk harkje en deroer lêze. It is in belangstelling dy’t boppedat gjin grinzen kin: jo fine altiten wol wer in gebiet dat nij foar jo is en dêr’t jo dan wiidweidich yn omstrune kinne.… Lês fierder

Rodaan Al Galidi, Geart Tigchelaar

It park fan it hert fan Zorro / Het park van het hart van Zorro

logo.ensafh

 

It park fan it hert fan Zorro

Alle dagen
helje ik touwen út tûken,
jou ik fertrape blommen wetter.
Brutsen wjukken
bring ik werom nei nêsten.
Yn it park fan myn hert
romje ik lege flessen op
en smoarge kondooms.
It is te folle wurk
buorden op te hingjen
om it pisjen
op it grien fan myn hert
te ferbieden.
Ik twivelje soms
oft myn hert al dit grien nedich hat
om hert bliuwe te kinnen.
Soms
tink ik deroan it park fan myn hert
yn in garaazje te feroarjen
en mei it jild
lear ik aaien te lizzen
yn in nêst yn myn hert
en te kraaien
op in muorre yn myn holle.… Lês fierder