Rein de Lange (Boalsert, 1969) skriuwt ferhalen en gedichten en publisearret geregeld yn ûnder oare Ensafh. De earste twa jier fan syn libben hat er yn Warkum wenne en dêrnei yn Boalsert, dêr’t er syn jeugd trochbrocht hat. Op syn santjinde is er by de marine gien en hat er jierrenlang fearn. Yn1992 is er wer weromgien nei skoalle. Hy hat dêrnei op Skiphol wurke as objektlieder en as databasebehearder op de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert. Nei acht jier op de NHL is er wer farren gien. Sûnt 1 maaie dit jier is er dosint nautyske fakken by in partikuliere oplieding yn Grins.… Lês fierder
