Nij radioprogramma fan de Omrop! Muzykredakteur Snorrie Westerhaven fûn in âld singeltsje op souder.
[soundcloud url=”https://api.soundcloud.com/tracks/122366973″ width=”100%” height=”166″ iframe=”true” /]
Nij radioprogramma fan de Omrop! Muzykredakteur Snorrie Westerhaven fûn in âld singeltsje op souder.
[soundcloud url=”https://api.soundcloud.com/tracks/122366973″ width=”100%” height=”166″ iframe=”true” /]
“Kinne wy no net gewoan lêze foar ús nocht?” frege in lêzer fan ús lêsrûnte.
Jawis, it kin sels net oars as mei nocht; by ús thús jildt foar lêzen de seksregel fan nea tsjin it sin. Dat haw ik net sein want it is in fatsoenlike lêsrûnte en boppedat wie it in retoaryske fraach, mar ik lies yn de deselde lêsrûnte en yn itselde boek wol foar myn nocht.
Sa ienfâldich as de politike gjalp reading for pleasure – in opmerklik ûn-Amerikaanske ferwizing nei pornografy – suggerearret, is lêze foar jins nocht dus net. Net allinnich bestiet der by it lêzen net in algemien nocht fersus gjin-nocht lykas by de belestingoanjefte.… Lês fierder
de jûnssinne boppe yp en moerbeibeam
skynt sa noflik op my yn myn reizgersklean
oeral wêr’t ik gean ferskille berch en stream
hookstrooks sjoch ik my yn in oar wrâlddiel stean
sa moetsje ik nije minsken al den dei
gjin thúskomst yn it âlde doarp bin ik bang
de rivier streamt nei it easten al oan wei
en dei en moanne fan swalkjen duorje lang
de hege ringmuorre stean moaie huzen op
yn hertsje winter binne de beammen grien
de metropoal is fol leven en gerop
de fluiten binne mei de mûlharpen ien
moai is it wis mar my is it de kop net
dat yn ’t rûnom nei de brêge pineagje
net in fûgel dy’t jûns net op hûs ta set
de Middenflakte lit him net úteagje
de jonge moanne is der mar stiet net heech
de stjerremannichte strielet noch om striid
en elke tiid bringt lânferhuzing teweech
wêrom dan drôvich wêze en sûnder piid
oersetting/bewurking: Piter Boersma
(De oersetting/bewurking berêst net op it sinese orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L… Lês fierder
Feuilleton
12
Oan ’e ein fan ’e boulevard rûnen se it strân op. It wie eb, dat it wie in eintsje rinnen nei it wetter ta.
‘Hoe fierder by de dunen wei hoe better,’ sei Alexander.
Seleina lake en fleach foarút.
It strân wie fierhinne leech.
Doe’t Seleina hast oan ’e ein fan it strân ta wie gong se yn ’e hoksen sitten en tekene se twa hannen mei de pols, krúslings en mei de rêch nei de beskôger ta. Dêrnei rûn se sa fier fierder dat de útrinnende weagen fan de see krekt net oan ’e punten fan har skuon ta kamen.… Lês fierder
Redaksjoneel
We lokwinskje ús redaksjelid Jacobus Q. Smink hjirby nochris fan herten mei it winnen fan de Gysbert Japicx-priis 2013! Hy krijt dy priis takend foar syn njoggende bondel, Sondelfal (2009).
Foaroan yn dit nûmer in fers dat Eppie Dam, ek nominearre foar de Gysbert 2013, skreau yn 2009 nei oanlieding fan it sawat tagelyk útkommen fan syn bondel, Blausucht, en Jacobus Q. Smink syn no bekroande bondel. It fers hat er opdroegen oan Jacobus. It is nei de bekendmakking al publisearre op www.ensafh.nl.
It stik fan Josse de Haan oer de nominearre en inkelde net-nominearre dichters en dichteressen foar de Gysbert 2013 is ek, mar dan foar de bekendmakking, earder op www.ensafh.nl… Lês fierder
Fraachpetear mei Koos Tiemersma oer syn skriuwen, digitaal publisearjen en oare saken
Koos Tiemersma is berne yn Frjentsjer yn 1952. Hy groeide dêr op yn in boerehúshâlding. Sûnt 1975 wurket er as ûnderwizer en skoaldirekteur op in basisskoalle yn Kollumersweach, dêr’t er ek wennet. Koos Tiemersma is nei 2000 bekend wurden as de skriuwer fan romans. Dêrfoar wie er warber op it mêd fan de muzyk. Yn 2000 wûn er de Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal ‘Job-in alter’. It ferhaal foarme de basis foar syn earste roman De Ljedder, dêr’t er yn 2004 de Rink van der Velde-priis foar wûn.… Lês fierder
By Heerenveense Boys spile ik yn de D1, doe’t ik in tik op ’e knibbel krige en net wer fuotbalje koe. Dat fûn ik wol skande, mar it wie net oars. In kear as wat mocht ik op it haadfjild spylje, wylst de F- en E-pupillen op de byfjilden oan it balskoppen wienen. Omdat ik pas let op fuotbal gien bin, ha ik nea yn de F-kes sitten. Wol ha ik der faak nei stien te sjen. De wille dy’t se hienen. Allegearre efter de bal oan, gjin plan fan oanpak, gjin teory oer de wize fan spyljen, hast gjin technyk en al hielendal net dwaande mei resultaat, nee, gewoan op sneon lekker efter in bal oandrave.… Lês fierder