Yn it bûtenlân mei ik graach wat omsneupe yn boekhannels. De sfear en de nuânseferskillen priuwe mei winkels by ús, en op ’e strún wêze nei bliuwende sûvenirs. Doe’t ik de ôfrûne twa wiken yn Marokko wie, haw ik fansels nei boekwinkels sjoen. It rint dêr bot útien. Yn Tanger wie Librairie des Colonnes in oäse fan lústerjende Francophonie middenmank de plakkerige hektyk. Rêst, yntellektuëlens en literatuer, mar ek de boekeprizen op Europeesk nivo.
Mear typysk foar Marokko wiene de winkels dêr’t ik yn Oujda en Rabat yn west haw. In keale kantoarboekhannel mei wat skoalboeken en fral tafels fol religieuze lektuer.… Lês fierder

