Piet van Renssen
Dan moatte wy it no mar ris oer ús kat ha. Want hja wie skraachwurk dea. Op in middei seagen wy har fan in stoel op de flier springen. Dy stoel hie in normale hichte, dochs foel ús kat oer ien kant. Langút.
‘Dat is net normaal,’ rôp Anneke.
En der wie mear net normaal. Se hime oerflakkich, har hert bonke ôfgryslik.
‘Dit komt net goed…’
Yn in omsjoch hiene wy har yn it reiskuorke, de jas oan, de auto starten, nei de bistedokter. Hy befielde it bist fan alle kanten. Dêr is er goed yn. ‘Se moat fannacht hjir mar bliuwe,’ sei er.… Lês fierder
