Ta gelegenheid fan it 25-jierrich bestean fan it Jopie Huisman Museum waard yn 2011 in (alternative) jubileumeksposysje hâlden yn Warkum (april – novimber). De eksposysje hie de namme De andere kant, meidat in soad (‘twaddehâns’) wurk op de útstalling hong dat net yn it offisjele museum oanwêzich is. De katalogus by de eksposysje, dy’t tagelyk in soarte fan biografy foarstelle moat is skreaun troch Albert van Keimpema (156 siden oblong, útjûn troch de Stichting Jubileumexpositie JH.). Van Keimpema is gjin keunsthistoarikus, hâldt him net dwaande mei keunst, en hat net earder kritysk of oar wurk oer keunst levere. It taalgebrûk – Nederlânsk – is breklik, de styl hat wat fan it wenstige geswets fan sportferslachjouwers.… Lês fierder


