In nij nûmer fan de ferneamde Deenske band Kraniet: ‘Wem er du, Jeg elsker dig’
Alles is slimmer fansels. Och heden, jo kinne genôch betinke. Tsunami’s, brân yn ’e Notre Dame, oarloch, komselden ‘likes’ op Facebook.
Ik woe it oars hjoed efkes hawwe oer ferfal dat foar de measte oare minsken bûten it sicht bliuwt. Utsein toskedokters en mûlehygiënisten. Of je moatte sjonger wêze yn in band en in hiel min gebyt fan ’e speed hawwe of soks. Dit giet oer myn tosken en kiezzen, ja, en ék oer dy fan jimme. Want lêzers: ik bin jimme en jimme binne my, no ja, yn myn kollums alteast.
Tusken kryst en nijjier, fan dy letargyske dagen, net om troch te kommen.… Lês fierder
Dútske hardershûnen fleane om ’e Flixbus hinne, byljend en hymjend. It is oerdei, alsa gjin strikende bondels sykljocht diskear. Ik begjin myn ferhaal mar mei in optochte hyperboal, je binne skriuwer of je binne it net, no? Couleur locale sille we mar sizze, dan wurdt de skilder yn my ek net oerslein.
Dat ik sa begjin is de skuld fan Horst Seehofer, de federale Dútske minister fan ynlânske (dan klinkt it noch in bytsje fierder fuort) saken. Yn july fan dit jier wie Ibrahim Miri, de lieder fan in Bremer drugsbende, deportearre nei Libanon, mar yn oktober al wer yn Dútslân oankaam.… Lês fierder
It is wer in tige nijsgjirrige útstjoering wurden foar de literatuerleafhawwer. Klaas hat trije dichters yn ‘e studio: Buorfrou, Hette Piebenga en Klaasje Zantema. Klik op ‘e foto foar de Klaas-cast!
Klik hjir foar de muzyk.
Yn it ramt dan de útstalling Wij Vikingen yn it Frysk Museum te Ljouwert hawwe dr. Ase Kundgard fan de universiteit fan Aarhus en dr. Rabyang Drupa fan de universiteit fan Lhasa, Tibet, in muzikale rekonstruksje makke fan in Deensk/Frysk offerritueel út de sechde of sânde iuw. It projekt stie ûnder superfyzje fan drs. Taco Brandsma fan de RUG te Grins.
De rekonstruksje is makke nei oanlieding fan de ferbjusterjende argeologyske fynsten dy’t yn 2015 by it Deenske Omkjeld dien binne. De resultaten fan dy fynsten binne earst ferline wike bekendmakke. It docht bliken dat de Denen en Friezen folle mear kontakten hân hawwe mei benammen it Tibetaanske folk as dat bekend wie.… Lês fierder
Tsjin healwei tolven fyts ik Bunde binnen en hoe kin it ek oars?…krekt by de Aldi, Lidl, Combi en Rossmann (it werklike, hjoeddeistige 24-7 Wirtschaftswunder), werom brocht ta de kearn, kinne se de namme fan it plakje faaks better feroarje yn Alicomross of soks, want mear as in besite oan dy winkels, falt dêr net te belibjen neffens my.
Mar lêzers, dát is allegear prachtich en machtich mar ik haw gewoanwei gjin tiid om ho te hâlden, ik moat troch, meters en dan kilometers meitsje op myn Russyske rûlette fytske. Want ûndertusken is dochs wol dúdlik wurden dat der it ien en oar oan myn izeren hynderke mankearret.… Lês fierder
Pake wie 75
Noch út’e 19e iuw
Hy hie in tige sûn gebyt
Tosken as fan in jonge liuw
Hy sei op in dei:
Ik bin no âld
Wat binn’
Wy hjoed?
Dy toskeboel
Moat der no mar ris út
Mei in lege mûle dêrnei
It falske nije siet net goed
Flybke hy:
Ik bin modern
Ik hear derby
Hy begûn wer yn’e tún
Te wrotten
Dy toskedokter:
Dy toskedokter
Hienen se
Ophingje
Moatten.… Lês fierder