Halbe, de drummer, hie de foarige deis syn kop keal skeard. John, leadsjonger fan de band, fûn dat mar neat, se wiene dochs gjin skinheads wol? By de optredens moast der mar in pet, mûtse of prûk oerhinne, sa ornearre er.
‘Nee, man, ik bin boeddhist wurden!’ wie de replyk.
‘Kul!’
Efkes letter mishannele Halbe it drumstel mei alle agresje dy’t er as boeddhist yn him hie, simpele ritmes, mar mei in alderheislikste drive. Jaap, de man fan de elektroanika, drukte op in knopke fan syn keyboard en, earst tige sêft, kaam de driigjende basline opsetten, skerp en mei in tsjuster grommeljende ûndertoan.… Lês fierder