Josse de Haan

Tresoarynternet – it ferlet fan objektiviteit

logo.ensafh

Tresoar-www-ynternet moet objektyf materiaal oer de Fryske literêre histoarje publisearje – de ‘goeie smaak’, it boargerfatsoen, de  pronksucht, en morele feroardielings sitte we net op te wachtsjen. Neitinkend oer de fyftich jier dat ik dwaande bin mei literatuer is it spitich te sjen dat guon wichtige literêre saken ûnder it kleed fage wurde. Literêre saken dêr’t ik mei anneks wie, dy’t ek belangryk foar de literêre histoarje binne. Yn’t algemien, en soms yn ‘t bysûnder allinne mysels oanbelangjend. Ik fyn dat se fêstlein wurde moatte. Trinus, Harmen, Itty, Sikke, Binne, André, Tjitte, Frâns, Jan Piter, Marten, Rink, Feije se binne der net mear, se kinne neat mear korrizjearje.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Wilco Berga

logo.ensafh

Nije ferhalebondel: ‘Dat it streamt’

Wilco Berga (Snits, 1947) skriuwt sûnt 1983 poëzij, proaza en toanielstikken yn it Frysk en Nederlânsk. Hy is ek byldzjend keunstner. Tegearre mei syn partner Tanja Blokland hat er in atelier/galery yn Harns, Atelier BB aansee, mei benammen wurk fan har beiden. Yn 1983 wûn er de Rely Jorritsmapriis foar in ferhaal. Nettsjinsteande is no pas syn earste ferhalebondel, ‘Dat it streamt’ útkaam. Yn hast alle ferhalen stean de haadpersoanen oan it begjin fan it ferhaal yn in ûndúdlike situaasje. Yn de measte ferhalen sit ek in flinke lading ‘suspense’. De ferhalen einigje mei in ferrassende ôfrin.Lês fierder

Heidi Andringa

Kyrië-eleison

logo.ensafh

In moai ferhaal en kear op kear
wer prenataal om ’t jier op alle dagen.
Sillich feest fan kearend ljocht,
hillich de faam dy’t drage mocht,
it neakene, it teare.

Megasintraal: mei mear en mear
wer oan ’e haal, it leit as lead op magen.
Billiket baatsucht leugenljocht?
Om it tredde laam nimmen tocht;
folfretten frede beare.

Ald krystkoraal ferwurdet klear
sjongsum fan taal, trochtrillet alle lagen.
Besibjend tankjen byinoar brocht.
Dy’t thús kaam om de oaren socht,
hy pleistere op ’t seare.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

Guess it

logo.ensafh

acaciabadmintonplúmpys, duven graze dooie mîgen
boer breekt myn klomp
betoan fernedering eer
ferhoog fernederlând
fereer fernederlander
water an de lippen

Guess it
Een edel beest? Welk n letter woord?

Kinderen rijden op mij
Ik hinnik
Ik ben van hout
Wat ben ik?

H . . . . . . . . . D

Een megahoog bedrag. 18.500,- euro.
Zeker geen klein bedrag voor een woord wat te doen is.
Speelgoed zonder stekker.
Goed voor het evenwichtsgevoel.
Het is pas moeilijk als ze moeten springen.
Je hoeft je niet te generen dat je dat wilt winnen.
In deze tijd waar iedereen aan zichzelf denkt.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Oare kear skreau ik oer it bieden fan in poadium oan skriuwers. Is der net in poadium, dan is it skriuwen gau oer. In blom hat wetter nedich, sa hat in skriuwer lêzers nedich en mooglik wat reaksjes. Reaksjes kinne altyd noch jûn wurde op it ensafhoarum (linkje) of skriuw in brief nei de redaksje.
No wol ensafh it/ít poadium foar Fryske skriuwers wêze, mar der moat ek romte wêze foar oare minderheidstalen. Sa dichtet Hein Jaap Hilarides yn it Biltsk en dy fersen pleatse wy graach. Op dizze lêste edysje fan it jier dêr wer in priuwke fan.
Wy slute dit jier ôf mei in bysûnder stik fan Marcel Plaatsman.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Brún Bloed (07)

logo.ensafh

Haadstik Sân: Glêzen Eagen en KristallenB

Heidelberger Weinstube, wie de net botte orizjinele namme fan it etablissemint dêr’t de literatoaren har melde moasten foar it jûnsmiel. De seal wie rom, mar dochs smûk troch de smaakfolle ynrjochting, mei grutte planten en sêft hinne en wer swaaiende kristallen kandlers. Yn in herntsje spile in strykkwartet, en allegeduerigen draafden obers en servearsters hinne en wer. Hy seach oan de oare kant fan de seal Jouhandeau sitten, mei by him oan tafel in jonge soldaat. Se hiene in protte wille sa te sjen.

Sybe Rinzema keas as haadgerjocht de forel en efkes letter wie er mei mes en foarke de fisk, dy’t him op in bedsje fan slaad en oar grien guod mei glêzige eagen oanstoarre, oan it ûntleden.… Lês fierder